51

Minority Safepack Initiative Mei de merke hipten der mar nuvere lju op it fjild by it tippen – en ferhip, it famke mei sa’n drege útlânske namme wûn ek noch mei de froulju! It hat sels de Ljouwerter Krante helle en ik seach letter ek noch in spesjale fermelding stean yn ‘e Mandeguod. Mar wa wienen dy nuvere lju no? Dat wienen myn Europeeske bestjoersleden fan de Youth of European Nationalities (YEN). Dat is in Europeeske feriening om jongerein fan minderheden by-inoar te bringen. Us foarsitster Britta Lessow Tästensen, dy’t dus mei it tippen in priis hie, komt bygelyks út ‘e Dútske minderheid yn Denemarken. Iksels sit der as “Westfries,” dat nuver klinkt om’t wy dan yn Nederlân oan NoardHollân tinke, mar sa wurde wy Friezen oantsjutten yn ‘e ynternasjonale wrâld om’t der fansels ek Eastfriezen en Noardfriezen binne yn Dútslân. Ik bin by it YEN kaam fia it FYK, de jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt. De YEN is nammentlik in koepelorganisaasje foar allegear minderheden. Dat binne minderheden dêr’t jim miskien noch nea fan heard hawwe, lykas de Sorben, Rumantsch, Vlach of Ladin bygelyks. Mar dat binne ek minderheden dy’t fertroud klinke, mar op hiel oare plakken sitte. Wisten jim dat de Dútske minderheden bygelyks te finen binne fan België oant Kazachstan ta? Ik wist it earst ek net, mar sûnt ik by it FYK en dêrtroch ek by de YEN bedarre bin haw ik al hiel wat Europeeske plakken sjoen om oare minderheden te moetsjen. De Dútske minderheid yn Hongarije, de Sloveenske minderheid yn Itaalje, de Kashuben yn Poalen, de Vlach yn Albanië, de Rumantsch yn Switserlân…. Ik kin noch wol even trochgean. It is hiel aardich en learsum om sa’n soad minsken te treffen dy’t, ek al wenje se fier fuort, hiel ticht by dyn wrâld stean om’t se lykas dy in minderheidstaal prate. Mar ast mei minsken praatst dy’t in minderheidstaal prate … dan komst al gau op de problematyk fan alle minderheden: Kinst de taal prate op strjitte? Op skoalle? Koene jim âlders de taal goed trochjaan? Hawwe jim radio? TV? Facebook? Google translate? It docht altyd al gau bliken dat minderheden oeral yn Europa it swier hawwe om harren taal en kultuer yn stân te hâlden. Lokkich binne der tal fan inisjativen om dy sitewaasjes better te meitsjen, sawol op lokaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo. Ik soe it graach hawwe wolle oer in hiel bysûnder ynternasjonaal ynisjatyf om de posysje fan minderheden te ferbetterjen: the Minority Safepack Initiative Wat is de Minority Safepack? De Minority Safepack Initiative is in EU boargerinistjatyf. Dat hâldt simpel sein yn dat in foarstel iepene wurdt om te ûndertekenjen as EU-boarger. Kriget Mandeguod 49

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication