21

Werom yn de Wjukken stie der foar elkenien in kom snert klear en foar de minsken dy’t noch efkes neisitte woenen, wie der in drankje te krijen. Under de muzikale klanken fan de Hassiebassie Djoek Boks dêr’t minsken foar in lyts bedrach in ferske oanfreegje koenen by presin-tator Jehannes Arendz, wie it noch in tige gesellige neisit. Uteinlik wie it doel fan dizze dei om jild yn te sammeljen foar ús stifting Doch Dyn Dream. Yn totaal hat de HassieBassie 2018 foar ús 2800 euro opsmiten! In fantastysk bedrach dat wy ynsette sille foar de bou fan it folgjende skoalgebou yn Kenia. Nochris wolle wy fia dit kanaal elkenien betanke dy’t op hokfoar wize dan ek mar belutsen west hat by dit evenemint. Wy binne hiel wiis mei en tige grutsk op jim. Mear foto’s kinne jimme sjen op www.dochdyndream.nl en graach oant takom jier! Ut namme fan Stichting Doch Dyn Dream, Wytske Vermeulen en Skelte Anema. Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication