17

Doarpsmienskip Mantgum FRYSK Bêste ynwenners fan Mantgum, De ôfrûne jierren hawwe wy fernommen dat de jiergearkomste net ferrint sa’t it heart. De opkomst fan leden rint werom. It blykt dat de oarsaak leit yn de ûnderwerpen en de langtriedderigens fan de gearkomste. As bestjoer fan Doarpsmienskip Mantgum, it doarpsbelang fan Mantgum, wolle wy hjir graach wat oan dwaan. Doarpsmienskip Mantgum hat as doel om de belangen fan de ynwenners fan Mantgum te befoarderjen. In jiergearkomste is ferplicht sa stiet yn ús statuten. It giet om de belangen fan it doarp en de ynwenners. It doarp libbet abslút en de kontribúsje wurdt elk jier kreas betelle, mar dit jild wolle wy graach op in krekte manier besteegje. Ideeën en feedback binne fan herte wolkom. Wy fine it dêrom slim wichtich dat jo as ynwenner wilens de jiergearkomste oanwêzich binne. Wy binne benijd nei de manier wêrop Doarpsmienskip Mantgum neffens jo derfoar soargje kin dat de jiergearkomste oantrekliker wurdt foar de ynwenners fan Mantgum. Moat de tiid en datum oanpast wurde of wolle jo in jiergearkomste as begjin fan de Mantgumer Merke? Sjogge jo mear yn it ynkoartsjen fan de jiergearkomste en in ôfslúting mei in hapke en in drankje? Of binne jo ynteressearre yn in jierlikse ynrin dei wêrop DMS him presinteare kin mei allegear oare ferieningen út Mantgum? Koartsein: Wannear kinne wy jo op de jiergearkomste ferwachtsje? Ha jo de gouden tip? Dan kinne jo dizze trochjaan fia doarpsmienskip@mantgum.com of op It Spyk 16 yn Mantgum. Litte wy der wat moais fan meitsjen! Freonlike groetnis, Bestjoer Doarpsmienskip Mantgum 15

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication