25

de oare himmelders ôfmakke. Om soks mei in lyts ploechje minsken te dwaan is dreech fansels, it is eins in kwestje fan ‘the more the merrier’! Ferline jier die ek wol bliken dat der mear minsken sa oer tinke: doe wiene der mei de himmeldei folle mear as yn earder jierren. Sadwaande binne de ruten doe ek noch himmele troch in pear himmelders dy’t gjin hichtefrees hiene. Elk dy’t wol ris yn de tsjerke komt wit hoefolle houtwurk der yn de Mantgumer tsjerke sit. En al rint it tal tsjerkegongers yn hiel Nederlân miskien tebek, it liket wol oft yn de Mantgumer tsjerke hoe langer hoe mear folk komt. Yn febrewaris siet de tsjerke bygelyks jûnen achterien grôtfol mei minsken dy’t kamen foar it spektakelstik “De man dy’t hout dûnsje liet”. Yn april is de ôftraap al wer foar ‘Tusken tsjerke en kroech’ – ek in momint werop’t de minsken fan Mantgum en omkriten no al ferskate jierren foar de earste happening ûnderdak fine yn de tsjerke. Mar ek konserten wurde holden yn de tsjerke – de akoestyk yn tsjerken is altyd fantastysk. De Mantgumer Maten ha al ferskate fan harren ‘wrâldferneamde’ cd’s yn tsjerke opnommen yn ferbân mei de akoestyk! Dan ha we it noch net iens hân oer de minsken dy’t simmerdeis lâns komme, de ‘toeristen’ dy’t nei oanlieding fan ‘Tsjerkepaad’ of de ‘Keunstrûte’ de tsjerke besjen wolle. In pear jier lyn stie der yn Trouw in rûte mei de trein, ek dêr waard de Mantgumer tsjerke yn neamd. Faak wippe ek boatsjeminsken efkes oan om binnen te sjen. Ek it Van Dam-oargel is in unyk pronkstik, geregeld spylje der minsken op dy’t spesjaal foar it oargel komme! Soms komst grappige dingen tsjin yn de tsjerke: út it achterskot fan de preekstoel stekt in hantsje – ta geriif foar de dûmny om de baret der oan op te hingjen… Dat de tsjerkerie grutsk is op har tsjerke litte se winterdeis dan ek útkomme troch de tsjerke jûns yn de spotlights te setten. Stiest der miskien net by stil, mar de Mantgumer tsjerke sjocht der fantastysk út – it ynterieur is ferneamd en wurdt yn tal fan boeken neamd. Jaap, Bettie’s oare helte, komt oansetMandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication