27

in livich boekwurk: “Kerkinterieurs in Nederland”. De 100 moaiste tsjerken yn Nederlân wurde dêr yn beskreaun en jo snappe it al: ek yn dat boek wurde in stikmannich siden mei tekst en prachtige foto’s wijd oan ús tsjerke. “De Friese Elfkerkentocht” is in oar boek dêr’t de Mantgumer tsjerke acte de présence yn jout. Sa kinne we noch wol efkes trochgean, mar nim it mar oan: wy ha in moaie tsjerke yn ús doarp! Dy’t de muoite wurdich is om der goed op te passen! De bûtenkant wurdt yn oerlis mei in arsjitekt alle jierren besjoen en ûnderholden. De binnenkant wurdt uteraard ek profesjoneel ûnderholden. Sa’n 30 jier lyn bygelyks stuts it strie sawat troch de lambrisearring hinne: it sein foar in grutskalige restauraasje doedestiids. Mar ien kear yn it jier is de binnenkant dus foar de poetsers! Bijewaaks is it bêste foar it ikehout fan de banken en de preekstoel. Doe’t in lanlik winkelketen ferline jier de bijewaaks yn de oanbieding hie, hat Bettie harren noch frege oft se ús tsjerke dan ek sponsorje woene. Mar dêr trapen se net yn… Hinderet neat, der is genôch bijewaaks ynslein foar it poetswurk dit jier. En it wurdt fansels tige op priis steld as der in moai ploechje minsken komt om mei te poetsen. De himmeldagen binne pland op freed 15 maart en sneon 16 maart fan moarns 9 oant 12 oere. Himmelark is oanwêzich mar elk is frij om sels ek wat ark (doeken, amer of soksoarte saken) mei te nimmen. It belangrykste moatte je lykwols net ferjitte: it giet ek om it meiïnoar dwaande te wêzen, der wurdt kofje skonken en der is uteraard tiid foar in gesellich praatsje! Lys Scarse Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication