39

TUSKEN TSJERKE EN KROECH 8 2019 - sneon 6 april 2019 Foar de achtste edysje fan "Tusken Tsjerke en Kroech" hawwe wy it program wer klear! Jimme kinne in kar meitsje út trije rûtes mei njoggen ferskillende ûnderdielen, dizze formule folgje wy no al jierren en dy foldocht ús en de besikers tige. It is elk jier wer spannend oft wy út eigen doarp ek wer minsken fine kinne dy't mei ús de ûnderdielen fulle kinne en wolle en ek dit jier is ús dat slagge; mear as de helte fan'e ûnderdielen wurdt fuld mei doarpsgenoaten en sa heart it winliken ek, wy binne fan oarsprong no ienkear in toanielferiening út Mantgum. Sa hawwe wy trije rûtes opsteld, mei yn eltse rûte in seker ferskaat, toaniel, muzyk, ferhalen, dûnsen, folle net genôch. En fansels begjinne wy om 17.00 oere yn'e tsjerke, mei in ferrassingsprogram, dat dit jier ûnder oaren yn it teken stiet fan de Simmer, folge troch in miel iten yn'e Wjukken. Dêrnei, likernôch om sân oere, geane wy op'en paad yn trije skiften, jimme kinne sels útsykje: Giele rûte 1. Toaniel út Blije Yn Blije hawwe se harren eigen TTeK, ien fan'e toanielploegen spilet jûn in útwedstriid. 2. Douwe de Bildt: Ferneamd as Jorwerter, as toanielspiler, as skoalmaster en ek as skriuwer fan koarte ferhalen. Douwe fertelt jûn in tal ferhalen of ien lang ferhaal, dat is noch net rjocht dúdlik. Mar der wurdt grif lake! 3. Folkpolitie: docht al wer foar de sande kear mei oan TTeK. Se sjonge lieten en lietsjes yn allerhande talen, mei begelieding fan in gitaar, mar ek mei oare nuvere ynstruminten. Folkpolitie bestiet út Sien de Groot, Hinke Wolthuizen, Greetje Wiersma en gitarist, teffens lieder fan ’e groep Bauke de Groot. Reade rûte 1. Johannes Arendz: Jimme krije wer de kâns om Johannes Arendz syn solostik fan ferline jier te sjen. Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication