25

Us oprop om lid te wurden fan 'e WWK hat noch neat opsmiten mar it kin fansels altyd noch wol. Der binne oant no ta 30 leden mar der kinne mear by om sterker te wurden mei aksjes foar ferbettering fan de wettersport yn de breedste sin. Op sneom 15 april hâlde wy wer himmeldei op it wetter yn Mantgum, Mantgumerfeart en Swette. Wa't mei helpe wol kin him as har opjaan by de bekende bestjoersleden. As der ien as twa roeiboatsjes te brûken binne soene wy dat tige op priis stelle. We starte om 10 oere. De iepening fan it wettersportseizoen is op 13 maaie, lês der fierder yn dit blêd oer. As jo lid wurde wolle fan ús feriening, in lisplakje foar jo boat sykje lyts as great: Skilje as mail dan nei ús nije skriuwer Rinse de Groot, tel. 06-51968990, e-mail rsdegroot@terphus.nl. Mei mear stipe fan leden kinne we mear dwaan foar Mantgum. De (no noch) skriuwer Teake Oosterbos NL Doet 2017 Op sneon 11 maart hat keatsferiening Jacob Klaver meidien oan NL Doet. Mei help fan frijwilligers út Mantgum binne de keatsbanken en tillegrafen op ‘e nij yn ‘e ferve setten. Mandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication