55

2 - 5 - 2017 PLANTENVERKOOP HoxWiersterMerk (HWM) Tiisdei 2 maaie 2017 giet it wer oan: de planteferkeap fan de HoxWiersterMerk! (Tink der om, it is dit jier op in tiisdei, der wie eins gjin tongersdei mear frij yn ferbân mei oare eveneminten.) Fan 18.00 oere ôf komme de frijwilligers wer by de doarren lâns foar de tradisjonele planteferkeap. Der binne geraniums te keap – net allinne hingjende mar ek steande geraniums – en fansels kinne jo ek kieze út allegear soarten beltsjeblommen (fuchsia’s). Alles yn de moaiste kleuren! Ferline jier hat de ferkeap fan planten fan de HWM krap € 1.500,opsmiten. Dit jier sil de opbringst ek bestimd wêze foar MFC Wjukken: in part fan it jild sil noch bestege wurde oan keamerskermen (in oanfolling op it doel fan ferline jier) en in part sil yn de takomst brûkt wurde foar nije flierbedekking yn de grutte seal. Soene jo op 2 maaie de jûns net thús wêze, en jo wolle dochs graach planten keapje – jo hawwe fêst wol in pear aardige buorlju dy’t efkes wat foar jo regelje wolle! Foar aktuele ynformaasje sjoch: www.mantgum.com E-mail: hwm.mantgum@gmail.com HWM-commissie, Ruerdtsje Kuperus (058-251 9717 Maaike de Groot Lys Scarse (058-254 2051) (058-250 1479) Mandeguod 49

56 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication