37

Witte jim dat…. …. Ate de Jong it hiel sympatyk fûn dat immen dizze poster op 'e ruten fan ´e Poiesz plakt hie en ek by de dokterspraktyk? Witte jim dat… …. der op it ein fan de feart tusken It Stalt en De Barte de lêste tiid faak in protte túnôffal driuwt? No is Hette wol sa goed om dat alle wiken út de feart te fiskjen, mar hy hat leaver net dat dit in gewoante wurdt. Elk hat dochs ek in griene kontener foar sok spul? Op de foto sjochst de opbringst nei ien wykein. Krekt út ‘e feart helle. Witte jim dat…. …. acht wike lang – fan 18 maart oant en mei 6 maaie – alle woansdeistejûns om 19.00 oere de toersklokken fan de Mantgumer tsjerke in kertier lang let ha? Dat wie om elkenien in hert under de riem to stekken. En mei namme om ek efkes stil te stean by de geweldige ynset fan alle minsken dy’t wurkje yn ’e soarch! Witte jimme dat… …. de âld izer aksje van WWC yn ferbân mei it corona firus útsteld is? Kuorbalklub WWC prikt letter yn it jier in nije datum foar de âld izer aksje. Witte jimme dat… .... it Berneiepenloftspul – BIS – net trochgiet dit jier? De trije Mantgumer famkes dy’t meispylje soene hiene harren der sa op fergappe. Mar spitichernôch… Ek it Jorwerter Iepenloftspul giet dit jier net troch. Yn 2021 pakke se beide de tried wer op. MANDEGUOD 35

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication