41

Keatsferiening Jacob Klaver giet stadichoan wer los!! Al in pear moanne stiet de wrâld op syn kop troch in coronafirus. Einlings ha we wer in posityf berjocht. Sûnt ôfrûne moandei (11 maaie) binne ús jeugdleden wer oan it trainen. Fansels ûnder foarbehâld fan in oantal wichtige maatregels, mar de JK fan JK is wer dwaande en hâldt hjir goed tasjoch op. It KNKB bestjoer hat it keatsseizoen oant 1 septimber stillein foar de KNKB keatsers, dus we sille oant dan ús KNKB Jacob Klaver keatsers net yn aksje sjen. Ek sille de KNKB wedstriden en de federaasjepartijen dy’t ynpland steane net trochgean. We binne oan it sjen at we de Jong Famme partij noch fersette kinne nei septimber, sadat we dizze partij miskien dochs noch organisearje kinne. Hjir sille we letter op werom komme. Dan ek goed nijs foar ús ledekeatsers. Snein 24 maaie sille we los mei ús earste ledewedstriid!! De Jonker Sikke Partij sil al troch gean. We sille oanpaste fjilden lizze en ekstra maatregels bekend meitsje, sadat we oan de 1,5 meter foldwaan kinne en elk feilich meikeatse kin. Ek sille we wer los mei it organisearjen fan it kompetysjekeatsen. Mear nijs oer ledewedstriden, trainingen as oare saken wurde bekend makke fia ús sosjale netwurken en fia ús webside. It is belangryk dat we allegearre sûn bliuwe, dus we freegje elkenien om ferantwurde om te gean mei dizze maatregels. Fielst dy net fit, kom dan net op dizze aktiviteiten fan de keatsferiening en bliuw thús!! Wy as keatsferiening binne bliid dat we in wei fûn ha om dochs wer wat keatsaktiviteiten te organisearjen! Us belangrykste boadskip oan jim is: bliuw sûn en tink om inoar!! Mei freonlike groetnis, Bestjoer Keatsferiening Jacob Klaver MANDEGUOD 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication