53

Op syk nei leafdesbrieven ... Ein 2013 die de Afûk yn Ljouwert de oprop ‘Op syk nei leafdesbrieven’. Ut alle hoeken fan de provinsje kamen de brieven nei Ljouwert: fan inkelde sluven byelkoar hâlden mei in lintsje oant skuondoazen fol brieven. Resultaat fan dit alles is it ferline jier ferskynde boek ‘Alde Leafde’. In prachtige bondel mei leafdesbrieven út de perioade 1940-1975 fan tsien pearen, oanfolle mei libbensferhalen en autentike troufoto’s. In bondel oer de leafde fan doe, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. It is in oare wrâld dy't jin yn Alde Leafde temjitte komt. Allerhande aspekten yn it deistich libben drukten ommers in stimpel op it bestean: de oarloch, it foar lange tiid útstjoerd wêzen as militêr nei Ynje, saken oangeande it tsjerkelibben, wenningneed, sosjale en morele omstannichheden, it belibjen fan de frije tiid, de praktyske en net-praktyske tariedingen op it houlik en alles wat dêrby hearde, it wurdt allegear mei ynmoed beskreaun. It boek is o/m 7 juny foar € 12,50 te keap, dêrnei is de priis wer € 17,50. Mear ynformaasje: Afûk, Lineke Kuiper, 058 - 234 30 70 / l.kuiper@afuk.nl Boeken fan Fryslân, Ida Heddema, 0620890524 / i.heddema@afuk.nl http://www.datwiedoesa.nl / www.afuk.nl http://www.boekfandemoanne.nl mei 2015 Mandeguod 51

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication