18

folslein ôfkard waard foar har wurk. Se besocht mei fitness de leechtes te fullen, mar diel útmeitsje fan de maatskippij wie der net mear by. It wie in hiele drege tiid foar Ans, en al har entûsjasme en fleurigens fan eartiids wie ferdwûn. Oant de dei dat se it beslút naam om mei te dwaan oan in kuiertocht: mei in groep minsken dy’t ek blyn wiene of min sjen koene, makke se 7 dagen lang in tocht troch Súd Limburch. Der wiene in stikmannich begelieders by en Ans siet mei in soarte fan ‘beugeltsje’ (ûngefear sa’t ek by Pippa brûkt wurdt) oan ien fan de begelieders fêst. Dêrtroch koe se presys fiele hokker kant se út moast en oft der ûneffenheden yn it paad sieten. It joech har gewoan fertrouwen! Nei dy wike sei elkenien: “Jij moet een hond hebben!” Faak moatte je wol in jier op de wachtlist stean foardat der in gaadlike hûn foar dy beskikber is, mar yn Ans har gefal kaam der hiel gau in telefoantsje: “Er is een match!” En dat wie Pippa dus. Mar dan begjint it eigenlike wurk eins pas! Der komt earst al immen fan de Blindengeleidehondenschool om in pear wike lang mei Ans en Pippa te trainen yn Sittard sels, sadat de hûn it gebiet kennen leart. Ans sels krige uteraard allegear ynstruksjes hoe’t hja mei Pippa omgean moast. “Dat was zwaar”, jout Ans ta, “want Pippa ging je gewoon uitdagen.” Mar nei dy drege earste wiken keart it tij. Ek al is Pippa noch wol ris yn in ûndogenske bui, sy bringt Ans oeral hinne: nei de winkels, nei de creagroep, nei de sportakkommodaasje, nei it stasjon. Ans genietet fan de frijheid dy’t se no hat. Boppedat: se kin mei Pippa wer har âlde tempo rinne, omdat se wit dat Pippa har feilich om alle obstakels hinne liedt en bygelyks in ‘seintsje’ jout by in trottoirbân. “En ik kan je verklappen dat Pippa in meerdere opzichten goed voor me is”, glimket Ans, “ik ben aardig afgevallen en ik heb geen last meer van hoge bloeddruk. Want ja, ik moet minstens drie keer per dag met de hond er op uit. Maar dat niet alleen, ik moet ook aan allerlei activiteiten meedoen.” Se hâlde dy dus yn ‘e gaten: ast allinne mar achter de geraniums sitten bliuwst mei dyn blinehûn, wurdt de hûn wer ophelle… Mar safier komt it by Ans echt net: se is sels ‘buddy’ wurden om as ‘ervaringsdeskundige’ in oare bline persoan te helpen. “Ik ben heel blij met Pippa, ze laat mij weer deel uitmaken van de maatschappij, met alle activiteiten die ik dankzij haar weer kan doen. Zij maakt het leven weer leuk!” konkludearret Ans. Se hie krekt noch mei Pippa yn de trein nei har dochter ta west. Allinne binne der spitigernôch blykber altyd minsken dy’t net lêze kinne… Want der wie in man dy’t Pippa wakker begûn te aaien – wylst Pippa in label oan har beugel 16 Mandeguod

19 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication