5

Prakkesaasjes fan de redaksje In skofke lyn spruts ik mei Sipke Dijkstra fan Doarpsmienskip. It gie oer it belûken fan Mantgumers yn de leeftyd tusken de 25 en 45 by plannen foar it doarp. Want je kinne wol plannen meitsje foar dizze groep, mar dan moatte se wol meitinke en harren heare litte. Mar hoe berik je dizze groep? Se ha it faak drok mei wurk, gesin en alle aktiviteiten dy’t dêr by heare. Derom by dizze in oprop oan alle Mantgumers yn dizze leeftydskategory: Lit fan jim heare! As jim bygelyks behoefte ha oan nijbouwenningen, mear boartersplakken foar bern of bepaalde foarsjenningen misse yn it doarp, lit dit dan witte. Kom op in jierfergadering fan doarpsbelang of (sport)feriening, stjoer in mail of pak de tillefoan en belje. Fansels jildt dit ek foar alle oare Mantgumers: As der ris in lêzing of aktiviteit yn de Wjukken is, kom dan. Jo leare minsken kennen, drinke of ite wat en it is ek gewoan gesellich. Ha jo wat te kleien? Meld it dan. En as jo wat feroarje wolle, kom dan sels yn aksje. Mei elkoar binne wy it doarp en hâlde we de boel draaiende. As jo net komme, dan hâldt de levendigheid gau op. En as jim dan wat leuks belibbe of sjoen ha yn de natuer of mei de buert of bygelyks sels in bysûndere hobby ha, dan heare wy dat as redaksje graach. Want sa as jim sjen kinne yn dit nûmer, kinne we wol wat nijs of moaie ferhalen brûke. Ek jo prakkesaasjes of foto’s binne wolkom. Salang’t it mar in link mei Mantgum of Mantgumers hat. Want nettsjinsteande de Corona-situaasje stiet de wrâld net stil. Der bart fan alles. Dêr binne wy wis fan. Fierder winskje wy as redaksje elkenien in noflike simmer ta. Tink om elkoar, ek as Corona net de kop opstekt. Ut namme fan de redaksje, Maaike Kuipers MANDEGUOD 3

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication