7

Echtpear Aukes yn Mantgum wie op 14 juny 60 jier troud Op 14 juny 1956 binne Hessel Pieter Aukes en Anna Maria Vonk troud yn de gemeente Weststellingwerf. 60 jier letter winsket boargemaster Liemburg harren lok op dizze datum mei it houliksjubileum. Persoanlik Hessel Pieter Aukes is op 25 juny 1926 berne yn Indijk. Syn frou is op 28 oktober 1931 berne yn Peperga. It echtpear hat 6 bern en 15 bernsbern krigen. Wenje en wurkje De hear Aukes wie feehâlder en syn frou hat eartiids op in pastory wurke. De hear Aukes woe sels graach in buorkerij ha mar yn de jierren 60 wie it dreech omdat der net folle te keap stie. Sadwaande kaam it echtpear telâne op in pleats yn Mantgum. It echtpear is hiel bot belutsen by minsken dy’t it dreech ha yn de maatskippij. De doar stie altyd iepen foar minsken yn need om ta rêst te kommen. Hobby’s De hear Aukes mocht graach hynsteride en fytst noch in soad en mei graach kaarte. Syn frou hâldt fan rinnen en bridge en hat in soad tsjerkepastoraat dien. Troch harren goeie sûnens kinne sy tegearre noch in protte leuke dingen dwaan. Mandeguod 5

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication