43

ferkeatst. De lêste keats fan it earst waard pakt troch Wommels en dêrmei waard it 1-0. Yn de kommende trije earsten waard it noch twa kear seis gelyk mar alle kearen wie it Wommels dy’t op de beslissende mominten de punten pakte. Ljouwert pakte dêrneiin skjin earst. Op dat stuit hie Wommels 16 punten en Ljouwert 15 punten makke, mar de beslissende mominten makken dat Wommels mei 4-1 foar stienen. Fanôf de 4-1 gong it rap en op 5-1 en 6-2 sloech Ljouwert de bal foar en dêrmei wie it Wommels dat foar de twadde kear op rige de grutske winner fan de Jong Famme Partij yn Mantgum. De 14e edysje wie it alwer. En net de lêste want mei Manon Scheepstra as ‘beschermvrouwe’ hat Keatsferiening Jacob Klaver mei de Jong Famme partij in moaie takomst. Sy ûntferme har hjoed oer de partij lykas in ljip dy’t syn piken beskermet. Mei in soad entûsjasme helle se tegearre mei Joke Koldijk in pear nije ‘âld fammen’ (sponsoaren) binnen, dielde de prizen út en skonk de sjampanje yn foar de winners. In echte ambassadeur, foar in prachtige partij en mei Wommels in terjochte winner yn 2017 Utslach Jong Famme 2017: 1. Wommels (Anna-Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia) 2. Ljouwert (Annelien Broersma en Jeske de Boer), 3. Marsum (Serena Hovenga, Lotte Delgrosso en Marije Hellinga). Skelte Anema. Mandeguod 41 foto’s: frits sieperda

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication