20

Nijs fan De Gielguorde As it in bytsje droech is, sjogge jo op it skoalplein omraak bern boartsjen. Se hingje yn 'e klimrekken, op de oare tastellen as se binne oan it fuotbaljen. Ja, op sneontemoarn hingje der sels wolris grutte minsken yn 'e tastellen! It doel fan de âlderkommisje is der mei tige slagge. De omwenjenden sille wy ynkoarten útnoegje om te hearen wat har ûnderfiningen binne. Oan it begjin fan it jier hat de âlderkommisje dwaande west mei it opstellen en fêstlizzen fan statuten. Dermei is de âlderkommisje no in offisjele feriening wurden. De namme bliuwt itselde en ek it doel "bevorderen van het primair onderwijs in Mantgum" sil net feroarje. Op freed 8 juny hat it bestjoer (Roelf, Ellen en Siepieta) nei notaris van der Hem yn Jorwert west foar de ûndertekening. Yn it foarste plak wie dit nedich om de taseine hege skinkingen fan bygelyks de Rabobank (€ 12.500,-) en Jantje Beton (€ 5.000,-) belestingfrij te ûntfangen. Finansjeel is it plan ôfdutsen.. Ek hopet de âlderkommisje dat mei dizze statuten omballingen by it primair ûnderwiis yn Mantgum breder lutsen wurde kinne. Hoe dat krekt komt sil yn de Algemiene Ledegearkomst úteinset wurde. Yn de maitiid is it trapfjildsje yn in griene coating set en is de fuotbalbelijning tafoecht. Ek de sânbak op it kleuterplein is opfrist mei in griene coatinglaach. Garagesale grut sukses! De garagesale op 24 juny wie foar de alfde kear wer in grut sukses. Der wiene 62 dielnimmers! It waar wie moai en der kamen in protte minsken nei Mantgum om te sjen as der ek wat gaadliks tusken alle spullen siet. Yn it kader fan miljeu en duorsumens binne der by skoalle dizze kear biologyske hamburgers fan Stremler, op de Him, ferkocht. En wol op biologyske ôfbrekkende boardjes. Jeu de Boules Skitterend hoe 't de jeu de boules-feriening "de Wjukslach" saken oplost. Wat wie it gefal? Der wiene skansearringen (beskadigingen) oan de banen trochdat bern der op west ha. En hoe losse wy dat yn ús doarp op? De feriening hat de skoalbern ûnder skoaltiid op besite hân foar in pot jeu de boules. En it mes 18 Mandeguod

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication