12

Juf Ida’s ôfskie In begryp yn Mantgum en in hâldfêst foar generaasjes pjutten: Juf Ida. Hast 40 jier lang hat hja de Mantgumer pjutten opfongen, mei de pjutten songen, de pjutten ferhaaltsjes foarlêzen, de pjutten har triennen drûge as se efkes fertriet hiene, spultsjes dien mei harren, allegear wurkjes en tekeningen mei de bern makke – ja, wat net? 26 juny naam Juf Ida ôfskie fan it pjutteboartersplak ‘De Pukkewjuk’, mei in lunch yn de tún achter de Wjukken, mei om har hinne Henk, de bern en bernsbern, it bestjoer en oare liedsters fan de Pukkewjuk en in stikmannich freondinnen dy’t al dy 40 jier nau by Ida’s libben belutsen binne. Fan ferskate kanten waarden anekdoates en bespegelingen nei foaren brocht: fan de Pukkewjuk-organisaasje waard Ida lof taswaaid oer hoe’t hja alle feroarings fan pjutteboartersplakken en bernedeiopfang hannen en fuotten joech, hoe’t hja altyd ‘alfêst tsien stappen foarút tocht’, mei de tiid mei gong, mar dochs de tradisjonele húsbesites der yn hold. Ek de praktyske kanten fan Ida waarden humoristysk nei foaren brocht: koe in âlder net komme op de jierlikse himmeljûn, dan krige dy in bak mei boartersguod mei om thús skjin te meitsjen! Henk sjocht noch alle dagen de populêrens fan Juf Ida: even in blokje om mei Ida duorret faak twa kear sa lang omdat oeral ‘Dach Juf Ida’ klinkt en in praatsje kin dan fansels net útbliuwe. Ek de bern seagen de ‘foardielen’ fan in mem as pjutteliedster, want wat wie it moai om noch efkes mei har mei, om by dy reade glydzbaan del te rûtsen. En wie se in kear siik? Dan wie it foar de bern ek feest, want dan moast heit itensiede en dan waard it fansels: pankoeken! De Mandeguod-redaksje winsket Juf Ida in prachtige takomst en in soad frije tiid ta – en betanket Ida foar har ynset al dy jierren foar de pjutten en foar it doarp. De Mandeguod-redaksje MANDEGUOD 10

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication