49

“Mantgumer Midsimmerfertier” In pear wike lyn foel der in nijsgjirrige folder by ús op ’e matte mei as titel: “Mantgumer Midsimmerjûn”, in koroanafeilich programma. In wol tige nijsgjirrich meitsjende oankundiging fan aktiviteiten. Myn earste ynjouwing wie: “Wat moai, dat der yn dizze spannende tiid entûsjastelingen binne dy’t har hjir foar ynsette, want it falt net ta om alles sa feilich mooglik te organisearjen en krityk hat men samar.” Ut it tal aktiviteiten moast fansels in kar makke wurde. Yn earste ynstânsje woe ik wol oan alles meidwaan mar je moatte it ferstân der fansels wol by hâlde, is ’t net sa? Dêrom foel de kar op de fytspuzzeltocht en de net normale bingo - wat dat wêze soe wisten wy net, mar hawar. Sneon 15 augustus middeis, krigen wy nei wat ynstrukjes de rûte oerlange, en koene wy mei de lytse 35 km lange tocht útein sette. By de Jorwerter tsjerke wie de earste fraach in oanwizing fan it ynformaasjeboerd ôf. No kin ik alle fragen yn dit stikje wol beneame mar dat liket my net in goed plan, dat lit ik it sa sizze: oer de hiele rûte waarden 22 fragen steld. Guon antwurden koene wy sa wol op papier sette mar der die ek bliken, dat der in soad fragen wiene dy’t der net samar út rûgelen en dat makke it no krekt sa moai. Oer moaie mar ek wolris lytse hindernispaden kamen wy yn Blessum oan. “Oe goaien, wy ha in fraach oerslein!” Dus ik werom. Om ’t wy as earsten start wiene, kaam ik dêr de earste doarpsgenoaten tsjin en dy wiene slimmer as ús, want dy hienen it antwurd al. ‘Wie is geboren aan het pad dat op de Blessumerdyk uit komt?’ Op in boerd oan de kant stie it antwurd: ‘Ulbe van Houten.’ Dêrmei fansels werom nei Gryt dy’t har op it bankje by de Blessumer tsjerke efkes deljûn hie. Ek oare Mantgumers troffen elkoar hjirre en praten fansels efkes gesellich by. Der waard diskussearre oer it soarte hûn dy’t op in boerd skildere wie en oan de muorre fan in hûs hong te pronkjen. Want ek dat wie wer in fraach. “In wetterhûn!” “In stabij!” rôpen guon. Ja… it kin fansels beide. Guon fregen it oan de bewenners fan it hûs. MANDEGUOD 47

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication