43

Teater Kollektyf “Griene Sjippe”, giet mobiel ! Op sneon 24 oktober 2015 giet de nije kabaretproduksje fan “Griene Sjippe” yn premjêre mei harren sechde programma “IKKY ”. Dit sil barre yn Multyfunksjoneel Sintrum “Wjukken” yn Mantgum om 20.30 oere. Ferskate skriuwers binne wer yn ’t spier west om dizze prachtige produksje foar jo te skriuwen. It binne Rikky Nagel, Teake Posseth, Hotze Karsten, Arjen van den End, Foeke v. Bruggen en Hans Brans. It is wer in tige nijsgjirrige produksje wurden mei allerhanne aktuele beslommeringen út ús deistich, hastige bestean. Wy nimme de taskôger efkes mei yn ús mobile Iphone. De ferbining mei ús mobyltsje en de ferslaving oan Twitter, sms, instagram, WhatsApp en de sosjale media steane hjir yn sintraal. Fiif spilers, jong en âld, binne der wer yn slagge om der in pracht fan in produksje fan te meitsjen mei folop muzyk, dûns, koartswyl en alle oare yngrediïnten foar in goed stikje Frysk kabaret, dat jim/jo reitsje sil. In jûn om nea te ferjitten. Genietsje, sjen, fiele en priuwe oan ús “Appel” “IKKY ”. De muzyk is diskear skreaun troch Johan Hiemstra en Arjen van den End en wurdt útfierd ûnder lieding fan Johan Hiemstra . Dûns en beweging binne fan Anje Groen en de rezjy is yn hannen fan Hotze Karsten. Jo kinne ek fan te foaren de kaarten tillefoanysk bestelle op: Freed 9 okt. fan: 18.00 oere oan’t 21.30 oere op tillefoannûmers: 06-11831698 -06-12289002 Oan’t dan! Foar mear ynformaasje sjoch op: www.grienesjippe.nl Freonlike groet, Teater Kollektyf “Griene Sjippe” Frysk kabaret. Rikky Nagel Tsjidsger Terpstra Geartsje Terpstra Hotze Karsten oktober 2015 Mandeguod 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication