12

Juf Ida’s ôfskie fan de Pukkewjuk Op in prachtich waarme simmerdei is it foar de lêste kear dat Ida offisjeel as ‘juf Ida’ nei de Wjukken rint. Alles is ree foar dizze dei, der is limonade foar alle berntsjes, as it goed is komt der in poppekast en se hat in kadootsje foar alle pjutten. Spitich is it wol, dat har ôfskied krekt yn dit koroana-tiidperk plakfine sil, se hie it sa moai fûn as der âlders en pjutten fan alle ôfrûne 36 jier oanwêzich kinnen hiene, mar it is net oars, it is wol goed sa. Lokkich hat se alles klear en kin se nei skoaltiid fuort troch nei de kamping mei har man Henk. Rinnendewei tinkt se werom oan har earste jierren as pjuttejuf. Foarhinne wurke se yn de handikaptesoarch, mar nei de berte fan harren dochter Arjanne wie it yn 1984 tiid foar wat nijs en sa kaam dêr de fakature foar pjuttejuf yn Mantgum foarby. Se waard oannommen en op ‘de Paadwizer’ oan de His van Botnialeane begûn sa har karrière as ‘juf Ida’. Dêr waard de earste klassefoto nommen, mei dé reade glydsbaan, dy’t jierrenlang as dekôr fungearre foar de klassefoto’s. Nei in jier ferhuzen de pjutten fan de Paadwizer nei de âlde Wjuk, dêr wie se 2 dagen yn ‘e wike oan it wurk, tegearre mei ien fan de âlders fan de pjutten. Dat gie doe sa, âlders wiene ferplicht frijwillich in deidiel mei te MANDEGUOD 10

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication