15

út, dat fynt se prachtich, allegear berntsjes om har hinne dy’t tegearre mei har opgean yn it ferhaal dat se foarlêst. Yn ‘e rin fan de moarn is der - op fersyk fan juf Ida sels - noch in poppefoarstelling mei InkyPinky, it is in moaie foarstelling en de bern fine it hiel leuk. Dan is der noch limonade en is de moarn ek hast alwer om. Mar wat is dit no? Guon bern drave nei bûten en ek de oare juffen sette útein nei de pjuttetún. As juf sels nei bûten rint, sjocht se wat de bern nei bûten fleanen docht: tal fan âlders steane klear mei kofje en gebak. En wat in ferrassing: yn ‘e hoeke sjocht se ek de ‘âlde reade glydsbaan’! Eins foldie er net mear oan de stringe feilichheidsfoarskriften fan no en mocht der net mear brûkt wurde by de pjutten, mar foar dizze dei meie alle pjutten der fanôf, in prachtich gesicht. In foto fan juf Ida, de reade glydsbaan fan eartiids en de pjutten fan no liket symboalysk it sirkeltsje rûn te meitsjen. As de kofje en it gebak op binne en juf har ôfskiedskadootsjes útpakt hat, gean alle bern en juffen noch efkes nei binnen. No mei juf har kadootsje oan de bern jaan: alle bern krije in prachtich kleurde bal! Noch efkes helpe skuon te fiterjen, der moat noch gau ien nei de w.c. en in oar wol efkes in krûpke ha. Dan noch efkes yn de kring. Dit is altyd ien fan de favorite mominten op de dei west, tinkt juf Ida. Mei elkoar yn de kring sitte om de moarn ôf te sluten. Stik foar stik giet juf Ida alle kopkes by del. Der sit ien mei syn rits te prutsen, in famke dat krekt op de pjutten begûn is gappet efkes en wer in oar sjocht Ida rjocht oan en laket bleu. Juf nimt de kopkes yn har op, wat in dei, wat in tiid, it is goed sa. It is tiid, de bern sille no nei hûs gean. Lokkich sil se de measten op strjitte noch wol tsjin komme, tinkt se, no dochs wol mei in brok yn de kiel... De bern meie earst nei bûten, juf Ida wit dan noch net, dat alle bern klear stean mei in feestslinger en in ynstrumint yn ‘e hân. Ek alle âlders stean te klappen en foarmje in earehage. Juf Ida mei der troch hinne rinne en elk sjongt har DANKEWOL ta. Oan de ein fan dizze hage stean ek har freondinnen, har man, bern en bernsbern te klappen en te sjongen. Dit hie juf nea ferwachte: “Dat se dit sa organisearre ha sûnder dat ik der fanôf wist.” As juf alle bern noch in high-five jout of dach seit, wurdt der op it plein iten klearsetten, de kamping moat noch efkes wachtsje. Want op de allerlêste dei mei juf Ida tegearre mei har kollega’s, freondinnen en famylje genietsje fan in lekkere lunch. Der binne in protte minsken dy’t har lof tasprekke ûnder it iten. En op in momint dat der efkes nimmen sjocht docht se it, se rint it trepke stapke foar stapke op en glidet roetsj fan it reade glydsbaantsje sa har wolferstjinne pensjoen yn. Wytske Vermeulen foto’s Wytske Vermeulen MANDEGUOD 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication