23

70ste Lytse PC wûn troch Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Elgar Boersma. Noch efkes wat histoarje De Lytse PC waard foar it earst hâlden yn 1947. Ynearsten wie it in trochinoar-lotters partij, doe noch foar 2e klassers, mei knappe prizen en nei ôfrin in feestjûn foar de keatsers. De pleatslike keatsferiening Jacob Klaver hie yn it begjin gjin bemuoienis mei de organisaasje, dy waard fersoarge troch in 9-tal keatsleafhawwers út Mantgum en omkriten. It prizejild waard byinoar brocht troch in tal lammen fet te weidzjen. Alle winners fan de Lytse PC steane neamd op it boerd by de yngong fan it fjild. De earste winners yn 1947 fan de lytse PC wiene P. de Boer Hjerbeam, W. Hoekstra Mantgum en in ûnbekende keatser. De lêste Mantgumer dy’t de Lytse PC wûn hat wie F. Oosterbos yn 1960. Dat is al wer 60 jier lyn. Dit jier stiene der 7 keatsers út Mantgum op e list fan yn totaal 26 partoer. Ik stie noch efkes mei Pier Piersma by it boerd mei de fraach: ‘Stiest do der ek op, Pier’, it antwurd wie: “Ja, sjoch mar by 2003 en 2008.” Letter spruts ik noch mei Elgar Boersma, “Ja, dêr kaam ik hjoed wol foar: myn namme op dat boerd.” Dus it libbet by de keatsers en dat is moai om te hearren. Keatserij. Der wie in moaie list fan 26 partoeren mei sa as faak in miks fan jong talint en âlde rotten. De toppers yn de mearkleurige tenu's en de mindere toppers yn de reglemintêr foarskreaune wytswarte tenu's. Kleurrike potsjes keatsen, de earste omloop waard flot trochrûn mei ien partij mei 5-4, Auke Boomsma-en-dy moasten flink oan de bak tsjin Johannes van der Veen. De oare partijen wiene mei 5-3 as minder gau beslikke. De twadde omloop kende ek net te spannende partijen. Gjalt de Groot mei Corné Tuininga en Jelle Attema hiene it dreech mei André van Dellen-en-dy mar mei 5-4 6-4 wisten se de winst nei harren ta te lûken. Yn de tredde omloop koene Gjalt-en-dy it net bolwurkje en mei 5-4 6-6 waarden se útskeakele; net nedich, mar sa giet dat yn ‘t keatsen. De winner fan 25 jier lyn - Chris Wassenaar - fûn ek syn Waterloo op de tredde list. Ferline wike noch twadde yn Reduzum en hy wie mei in missy nei Mantgum kommen. Mei broer Jacob en Hylke Bruinsma koene se it net winne fan Auke Boomsma-endy. Oan de ynset en de noadige ferbale uteringen fan Chris hat it net lein, mar it wie net genôch, mei 4-5 en 6-2 moasten se belies jaan. Yn de tredde omloop seagen we ek Pier Piersma syn lêste ranking partij keatsen. Foarsitter fan Kv Onder Ons, Keimpe Koldijk, sette Pier yn it sintsje mei moaie wurden en in blomke. MANDEGUOD 21

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication