39

Nijs fan Harmonie Weidum najaar 2018 Lûd fan de Middelsee Snein 30 septimber wie it, nei oardel jier wurk, dan einliks sa fier; Lûd fan de Middelsee. In muzikale fytstocht troch it eardere Middelseegebiet mei in slotspektakel oan de foet fan de Aldehou, in gearwurking fan muzykfederaasje ‘Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden’. Middeis brochten wy mei Brassband Hosannah (Ljouwert) in bysûnder program. Net gewoan om’t de besikers tusken de ferienings yn sieten, net gewoan om’t it op in prachtlokaasje wie, Taniaburg, net gewoan om’t it yn in pear repetysjes ta foarstelling makke wie en net gewoan om’t wy it ferhaal fertelden oer ús muzykferienings, de Aldehou en it finen en opnij útfinen fan jesels. Tank ek oan Tjitte Anema, ús ferteller. Omrop Fryslân frege in taskôger wat no krekt it moaiste wie: “Bij de Oldehove vond ik heel mooi, maar bij Taniaburg vond ik het ook prachtig. Dat was fantastisch. Wat een mooie dag!” It slotspektakel oan de foet fan de Aldehou brocht hûnderten minsken nei de muzykferienings ta. Mei muzikanten op 5 poadia en Fabian Janssen as Aldehou wie it in waarm muzikaal bad. Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication