13

De bern yn de musical spylje allegear dat se 10 jier âlder binne as yn wurklikheid. Se binne ek allegear akelich slim, ferskriklik aktyf en tige eigenwiis. ‘Foar dat lêste hoechst net sa bot dyn bêst te dwaan’, narret heit Mark har efkes. Mar ja, ast dysels spylje moatst sa ast oer 10 jier bist? Wa wit no fan himsels hoe’t je oer 10 jier binne of wat je dan moai fine? Rients Gratama en Aart Staartjes hawwe yn it stik in hiele oare rol: hja binne allebeide fan dy âlde grommelpotten. ‘Meneer Aart spilet dus eins gewoan himsels sa as er yn Sesamstraat ek altyd docht’, neffens Sanne. Ek de âlders wurde net oerslein as it om it meihelpen oan de musical giet: dekors moatte ferve wurde en der moat neitocht wurde oer klean en oare omballingen. Dat it is net allinne Sanne dy’t it drok hat mei de musical dizze moannen… Boppedat is der in soad hinne-en-wer-reizgjen. Mar dan is der wer in bytsje ‘het feest der herkenning’, want der is nòch in spilerke dy’t Sanne kin fan it Berneiepenloftspul. Dy wennet yn Easterein, dat sadwaande kinne de âlders moai om bar ride nei It Fean. Tiisdei 15 desimber om 2 oere middeis is de try-out. ‘Moatst dan net op skoalle sitte?’ freegje ik braaf. ‘Wel, ús hiele klasse sit dan yn it teater’, seit Sanne. Alle klassen fan de jongste spilers komme nammentlik nei de try-out yn it Posthuis ta. Hja kinne dus as earsten it resultaat sjen fan sa’n trije, fjouwer moanne lang repetearjen! Soene jo ek nijsgjirrich wêze nei dizze famyljefoarstelling, op www. posthuistheater.nl kinne jo mear ynfo krije oer dizze musical. Yn de twade helte fan desimber binne der ferskate útfierings en de spiler(ke)s spylje de stjerren fan de himel! Lys Scarse foto’s: Johan van der Klaauw december 2015 Mandeguod 11

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication