9

10 jier kapsalon Nij Skjirrich! Op 6 desimber 2018 is it alwer 10 jier lyn, dat wy tegearre yn Mantgum ús kapsalon begûn binne. Al in oantal jierren wurkje wy no mei ús fjouweren. De komst fan ús fêste klanten út Mantgum, mar ek fan fier dêr bûten, wurdearje wy enoarm! Wy fine it belangryk mei ús team op kursus te gean, om op 'e hichte te bliuwen fan de nijste trends en techniken. Neffens ús is in moai kapsel net it meast trendy kapsel. It is, fine wy, it kapsel dat de moaie kanten fan in gesicht sjen lit. Model en kleur moatte passe by de foarm fan it gesicht en by de struktuer fan it hier. Fanút dizze tinkwize bliuwe wy tichtby de klant en by ús sels en wurkje wy altyd mei in protte wille en entûsjasme. Tiid en oandacht foar de klant, dat is de krêft fan Nij Skjirrich. Fansels wolle wy dit 10 jierrige bestean fan ús kapsalon graach mei ús klanten fiere. We hâlde dan ek in oantal feestlike aksjes yn de moanne desimber. Sa as: foar de froulju, in ferlotting foar in gratis knip/kleurbehandeling. foar de manlju, in ferlotting foar in gratis knipbeurt. in kleurwedstriid foar de bern. en fansels foar elts in aardichheidsje mei nei hûs. Graach oant sjen yn Nij Skjirrich !! Lysbeth, Agnes, Gepke, Inge Mandeguod 7

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication