49

ynsittenden. (acht persoanen) Dan ynienen (as Ljouwerter krantelêzer) seach ik op in middei op de foarpagina in grutte reade bus stean mei omskriuwing. It wie de LAB direksje slagge twa nije Cheausson bussen te bemachtigjen. In lange kantige bus mei op eltse hoeke in hege dikke bân. De bussen kamen út Frankryk en hienen al de glimjende reade giele kleur. Dizze bussen waarden daliks ynsetten tusken Ljouwert-Snits. It ried formidabel. It wie tagelyk ek it begjin fan it nije ferfier. Foarhinne wienen der gjin bushaltes, dat gong dan samar wat. In hân oan ‘e dyk omheech of in wyt himd foar it finster wie genôch om de bus stopje te litten. It koe noch lang sa allegearre. Letter kamen der pealtsjes mei giele plankjes oan de dyk mei dêrop “Bushalte LAB”. De sjauffeurs namen it dan noch net sa krekt. Mar doe wie der ynienen in stille ynspekteur yn ‘e bus. It foel de man op dat de bus hast oeral stoppe, útsein by de haltes. Hy sei op it ein fan de rit, dat it de bedoeling wie dat hy by de haltes stoppe. De sjauffeur wie mûlryp en sei: “binne it jo klanten of binne it mines!” De bussen namen gauris ek de kranten mei. De      klear om it pak mei kranten oan te nimmen. De LAB mei syn service rikte fier. In foarCheausson bussen byld dêrfan is, dat in plattelânsmem krekt in poppe yn it Ljouwerter sikehûs krigen hie. De mem wie alwer thús út it hospitaal mar de poppe moast noch in skoftke bliuwe en moast *boarsttate hawwe. Foar de LAB wie it gjin inkeld probleem om de tate ôf te leverjen yn de stêd. Wie de mem noch net klear mei it kolven, dan wachtte de bus wol efkes. De minsken yn ‘e bus hienen der neat op tsjin. De sjauffeur sei: “ik riid wol wat flugger, dan is dat ek wer ferholpen”. *boarsttate = borstvoeding Yn 1946 krige ik it diploma fan de MULO. Oan de iene kant hartstikke moai mar oan de oare kant in ôfskie fan in skoalle wêr’t ik fiif jier mei nocht west haw. Fansels hat de oarloch spanningen meibrocht dy’t net sa noflik wienen. De direkteur en de leararen wienen allegear gewoane minsken sûnder poeha, dêr’t jo jo by thús fielden. Snits is ek mar in gewoan stedsje mar hat wol in Mandeguod 13

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication