25

februari 2021 25 Ambulânsebroeder Hoe is er der eins ta kaam om dit wurk te dwaan? “Wel,” fertelt Jacco, “doe’t ik 15 wie hold ik ris in presintaasje op de RSG: ik woe doedestiids ambulânsebroeder wurde. Doe’t de iepen dagen kamen, wie der in yntroduksje foar de HTVoplieding, en ien fan Definsje. It like my beide wol wat, dat ik ha foar beide in intake dien – en waard foar beide oannommen.” By neier ynsjen foel Definsje dochs ôf, en sa bedarre Jacco by de Handhaving. In baan mei in soad frijheid en dêrnjonken hat de gemeente Súdwest Fryslân in grut wurkgebiet. Yn de hanthavingsbus gean de fytsen wolris mei om mear mobyl te wêzen op plakken yn it wurkgebiet dy’t wat fierder fan Snits ôf lizze. Benammen yn de simmer binne der in protte minsken yn de bûtengebieten om de wettersportplakken hinne. En fansels binne der de ek ûnferwachte putsjes sa as de melding fan in skiep yn it wetter. “Doe’t we oankamen tocht ik earst dat it skiep dea wie, mar doe seach ik de brune eachjes noch krekt boppe it wetter út kommen,” wit Jacco noch. Hy en syn kollega krigen it skiep der sa net út, mar mei help fan de brânwar kaam sikky wer op ‘e wâl. Koartsein: fantastysk wurk, fynt Jacco, mei minsken èn mei bisten omgean, en gjin dei gelyk!

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication