10

Meidwaan oan priisfragen is ‘gefaarlik’. Foaral as je ek noch ien fan de priiswinners binne. Ik wie nammentlik ien fan de priiswinners fan de fotopuzzzel yn Mandeguod fan Desimber. Fansels leuk. Krije je in pryske en komme je op’ e foto. Mar yn myn gefal mei in neveneffekt. Nei it meitsjen fan de foto krige ik de fraach: “Sien, soesto wat skriuwe wolle foar de rubryk Hette jout de pinne oan?…” Tja, wat sizze je dan….”Ja dus!” En no moat ik dus wat oer my sels fertelle. Mar wat soene de minsken út Mantgum no fan my witte wolle? Foar de minsken dy’t my net kinne: “ik bin dy frou dy’t alle dagen op de fyts nei it wurk giet yn in fluoriseerjend griene jas. Mar ik doch ek geregeld in rûntsje troch it doarp mei de hûn. De hûn oerweagjend swart en ik (ek oerweagjend swart) mei in lange asimetryske jas.” Mar dat seit fansels noch neat oer wa’t ik bin en hoe’t ik bin. Yn 1966 bin ik yn Baard berne as jongste yn it skoalmasters gesin en ha oan’t myn 20e jier yn datselde lytse plakje wenne. Doe ferhúze ik nei it grutte Mantgum. In hiele feroaring mar ek in hiele feromming. Yn Baard wist elkenien alles fan elkenien, of dat mienden se teminsten. As dochter fan it haad fan de skoalle, hie ik in foarbyld funksje, der waard goed op my letten. Yn Mantgum foel dat fuort. Hjir hie ik de frijheid om te dwaan wat ik woe. Ik koe mysels ôfsunderje mar koe my ek folop yn it ferieningslibben stoarte. Mantgum wist gau dat ik foar dat lêste wol te porren wie. Dat ik siet samar yn inkelde bestjoeren. Op it stuit sit ik allinne noch yn it bestoer fan Frisia. Dat is ek mear as genôch. Nei in jier yn Mantgum, op de His 22, ferhúze nei de His 17 (oare kant fan de dyk). Dêr ha ik wenne oan’t 2006. Yn dy jierren binne de bern berne en opgroeit. Te witten Marjanne, Hiske en Jeroen. Datselde jier bin ik skieden (offisjeel Maaie 2007). Nei noch wenne te hawwen op de Skillaarderdyk en de 8 Mandeguod

11 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication