16

Als het boekje in concept klaar is, gaat het nog een keer naar alle redactieleden, die de laatste foutjes eruit halen of nog met een paar verbeteringen komen. En dan kan het definitieve exemplaar digitaal in pdf-format naar Van der Eems en ligt het na 1 of 2 dagen klaar voor verzending, waarvoor we een paar zeer trouwe bezorgers ‘in dienst’ hebben, die geheel belangeloos door weer en wind ervoor zorgen, dat onze mooie Diggelfjoer telkens weer bij jullie in de bus komt. Waarvoor ook jullie dank! Hynders op Hinnaard 4 | Sjouke en Detsje de Groot Troch Esther Is it wat fan de lêste jierren? As ik troch de buorren ryd of fyts, dan sjoch ik se hieltiid mear. Ja, fansels binne op Hinnaard noch in tal fan boeren dy’t molkfee hâldt. Mar yn de rin fan de tiid krûpt in oare agraryske tak omheech op Hinnaard: de wrâld fan de hynders. Wêr’t eartiids op eltse pleats op Hinnaard kij hâlden wurden en derneist wat hynders d’r by, is it no op tal fan plakken op Hinnaard oarsom. Tiid foar in toer lâns de buorren. Nei Thea Dijkstra, Johannes van der Burg en Maaike Kuipers stek ik no oan by myn buorlju Sjouke en Detsje de Groot op Hinnaard. As ik freegje wannear Sjouke en Detsje eins op Hinnaard kommen binne te wenjen, wit Sjouke dat it wie doe’t ik swier wie fan Judith. Us Judith is no alve jier, dus dat is al wer in moai skoft. Ik sjoch altyd in moai protsje hynders om’e stee 16

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication