Oh, dat is best genôch! Do hast dysels aardich opwurke! Jan: “Nee hear, der foel wol gauris in team by wei. En sa skoden wy op yn ’e rige.” Immie: “Winst op it jierlikse ´Snerttoernoai´, dat sil yn myn follybalkarriêre wol it sportive hichtepunt west ha. Mar prestaasjes wiene foar my en in protte oaren fansels net fan it grutste belang”. Wa wiene de stjerspilers of spilers dy´t wy om in oare reden noch efkes neame moatte? Jan: “Ad Ton, wie in spiler/coach dy hie echt oer. Hy wie net allinnich sels goed mar dêrnjonken ek yn steat om ús te plak te setten yn it fjild. Hy koe it spultsje lêze en coachte syn teamgenoaten ek op in hiele positive wize.” Immie: “Ik moat as earste tinke oan Jannie Jaarsma. Sy hie ek beslist mear talint as gemiddeld. Mar der wiene fansels mear tûke spilers. Sjoukje Stoffelsma wie ek altyd presint en fanatyk en hat noch hiel lang troch follyballe, sels neidat Vireo allang oergongen wie nei COVOS.“ Wat wie de ‘yell’ fan Vireo? De beide âld bestjoersleden sjogge inoar efkes oan, mar der wurdt net daliks in kreet yn koar oer de tafel roppen. “Ik bedoel hiene jimme ek in ‘yell’, in striidkreet sa as sommige teams fan no dat ek wol ha en sy nei elk punt wat sy meitsje byinoar komme en dan harren ‘yell’ hearre litte?” Beide: “Nee, oan dy flauwekul diene wy net. Foar de wedstriid efkes in ‘high five’ mei de rest fan it team, mar mear net”. Ta beslút sykje wy noch nei in foto, it leafst fansels mei dêrop spilers yn de âlde klupkleuren fan Vireo. Mar ek dat is net fuortdaliks opheldere. Jan hâldt it op swart en read, mar al gau binne wy it der oer iens dat swart en read de kleuren fan COVOS binne en heechstwaarskynlik net dy fan Vireo. Immie fertelt dat sy wolris yn griene shirts spile ha mei dêrop reklame fan autobedriuw Jaarsma út Hartwert, mar oft dat offisjele shirts fan de klup wiene doare beide net te sizzen. Se hâlde der in protte rekken mei dat der eins gjin fêste klupkleuren en shirts west ha en Vireo spile yn de shirts dy´t foar hannen wiene. As Immie har fotoboeken der op nei slacht komme wy in pear aksje foto´s tsjin. It binne yndied alwer oare shirts: giele. In pear dagen letter krij ik it bericht dat Jan it dochs wol by de goede ein hie. Reade shirts mei swarte broekjes, dat wie it tenu. It wie in moaie tiid, dêr’t in protte ynwenners wille oan belibbe ha. As der nochris follyballe wurdt yn it doarp dogge der fêst in pear teams ûnder de namme Vireo mei. 22
23 Online Touch Home