27

Jan) en Tjitske Visser-de Jong, om mar in pear te neamen, koene der beslist ek wat fan. Jan syn mem Rike waard meardere kearen priizge en skopte it oan in byrol by selskip Tryater oan ta. Sy stie û.o. op´e planken fan de Lawei en yn Sealen Skaaf. Sa hie ‘Nim it sa’t it is’ in tige goed op inoar ynspile toanielselskip. Nei sa'n pracht fan in toanieljûn, wie der nei ôfrin altyd dûnsjen. Jan S.: De “Calipso’s” hawwe hjir faak spile en ek “Duo Leemburg” binne hjir faker as ien kear west. Nei sa'n optreden moasten dy muzikanten ek noch ûnderdak ha hjir yn it doarp. Want it wie noch yn in tiid dat der amper minsken mei in eigen auto wiene. Dat hearde der doe allegearre by.” Mei tank oan Jannie & Jaap Jaarsma en Jan Spannenburg kin ik jimme in pear prachtige âlde foto’s fan doe sjen litte. Sy binne allegearre like moai, mar de ûndersteande foto is wat mysels oanbelanget miskien wol it meast typysk fanwegen de hâlding en eachopslach fan lytse Tys. It is de eachopslach wêrmei hy it publyk laitsje litte koe, sûnder in wurd te sizzen. De foto, mei op de eftergrûn it kafee fan Rien, is makke begjin jierren 30 fan de foarige iuw. Op ’e ruten stiet de namme fan útbater D. Smeding te lêzen. De jonge en it famke op ’e foargrûn binne Tys en syn suster Geeske Jaarsma. Wa koe doe tinke dat hy goed 20 jier letter de minsken sa fermeitsje koe, op ’e boppeseal fan it kafee efter him. De lêste foto’s binne de oankundiging fan ’t toanielstik út 1953 en fan Tys as plysjeman yn it stik ‘Oliver’, dat yn 1997 opfierd waard yn de notaristún fan Jorwert. Boarnen en mei tank oan: Jaap en Jannie Jaarsma, Jan Spannenburg en www.iepenloftspuljorwert.nl 27

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication