Yn’e kunde komme mei Anne en Janny de Boer- Baarda Nije ynwenners op Monsamabuorren 16 op Hinnaard Troch Esther Sûnt july fan 2021 wenje Anne en Janny de Boer mei hun dochters Anna en Ineke (twilling 18 jier) en soan Oane (13 jier) op Hinnaard. Anne melkt by feehâlders en Janny stiet yn’e winkel by bakker Sybesma yn u.ô. Mantgum, Deinum, Ljouwert mar meast yn Boksum. Om yn’e kunde te kommen mei dizze nije ynwenners yn de fjouwer doarpen gean ik eefkes del. It is donker yn it buthûs, mar Janny wachtet my al op as ik foet troch de mendoar set, tegearre mei har pronkje: Marianna fan Eijsingastate. Grutsk lit se de moaie hynsteboksen sjen werdat harren Frysk hynder stiet: “Ja, die boksen wiene d’r al. Sa moai hoe dat ynrjochte wie. Der woene en hoechden we neat oan te feroarjen”. Troch de gong nei it foarein fan de stjelp. Der sit Anne al te wachtsje en wy sette ús del by de grutte yttafel. Ik krij in bak hyte tee, pak myn 6
7 Online Touch Home