22

Kom yn de kunde mei nije ynwenners fan de 4Doarpen: Hanne en Martin fan it Spyk op Hinnaard. Troch Esther Sûnt jannewaris fan dit jier wenje Martin (30), Hanne (28) en harren famke Julia fan 2,5 jier op de âlderlike pleats fan Jaap en Hiltje Leijenaar op Hinnaard. Heit Jaap en mem Hiltje ha plak makke foar harren soan en skoandochter en wenje no yn in wente êfter de pleats. Martin buorket mei heit Jaap al in skoft en hat ek doel om it bedriuw oer te nimmen yn de takomst. It wie dan ek al gau dúdlik dat hy op it spul komme soe. Martin is hikke en tein op de pleats op Hinnaard en hat noch in sus en broer. Broer is selstannich ûndernimmer yn de agraryske sektor en sus hat ambysjes yn de finansjele sektor. Sy sille net mei it bedriuw fierder. Martin sil dat wol en Hanne is d’r tige wiis mei. Foar Hanne is it boerelibben dan ek net frjemd. Sy is opgroeid op in pleats op Skrins yn Easterlittens. Tegearre mei heit, mem en har twa sussen mocht Hanne graach op’e pleats wêze. Har twa sussen meitsje d’r ek harren wurk fan, mar Hanne kiest foar wat oars. Sy is de soarch yn gongen en wurket no al acht jier as prevînsjeassistinte by de toskedokter yn Ljouwert. Se hat it der tige nei’t sin. Martin en Hanne kinne elkoar no ôlve jier en ha sân jier tegearre wenne op de Sjaardaleane yn Easterein. Der is ek lytse Julia berne. Hanne: “Ik sjoch d’r bot nei út dat Julia opgroeie kin op’e pleats. Moai fry wenje, tichtby de famylje en se hâld o sa fan bûten boartsjen en dat kin hjir fantastysk. Ik bin sels net oars went”. Martin is bliid dat hy no op Hinnaard wennet. Hy hie wol wat syn nocht fan it op en del ryden tusken Hinnaard en Easterein de ôfrûne trije jier. Martin: “Ik ryde soms wol trije as ouwer kear op en del en dan noch seach ik Julia allinne by it sliepen jûns as moarns. Ja, dat is fansels net leuk”. No rint hy geregeld yn’e hûs, as komt Julia nei êfter om gesellich te buorkjen by heit, pake as beppe. “De beide beppes passe ek wol op en se giet ek noch twa kear yn de wike nei de peuters. Julia hoecht har net te ferfelen dus”, laket Hanne. Eins hoechden Martin en Hanne hielendal net te wennen. Hanne: “We sjoche elkoar no mear, we meie graach tegearre wurkje. We wenje hjir mooi. Allinne de poes moast eefkes wenne, dy hat it paad op Hinnaard noch net fûn en doart noch net nei bûten”. Martin en Hanne tinke harren draai wol te finen yn de Fjouwer Doarpen. In protte wenwille tawinske! 22

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication