Mar as it dan tiid wie foar de earste dûns, dan spatten alle manlju faak tagelyk oerein om as earste by dat iene famke te kommen. Understeande foto is in foto fan sa’n dûnsjûn. In seal fol jonge minsken dy’t ûnder begelieding fan in dûnslearaar en in pianist oefenje om de Ingelske wals en de fokstrot machtich te wurden. Mar dizze foto is net samar in skoalklaske. It is de klasse fan Itens anno 1937 of 1938. Dyjingen dy’t hjir op de foto stean binne de Meint Ligthart’s, Marije van den Ende’s en Jesse Hoitema’s fan dy tiid. De foto is makke yn wat no ús betroude doarpshûs is en wat doetiids it kafee wie fan Tjalke Faber. Mar ek de dûnslearaar is yn dit gefal net samar ien. It is de heit fan ús eigen ‘leginde Germ Koldyk’. Hinne Koldyk hie in winkel yn Dearsum en jûns wie hy in protte op ’en paad as dûnslearaar. Germ gie letter geregeld mei, omdat der somtiden wolris wat te min manlju meidiene. Ynfalle wie foar Germ gjin inkeld beswier. Germ hat dizze foto oan my sjen litten doe’t hy noch yn Itens wenne. It is ek tanksij him dat fan sawat alle minken op ’e foto ek de namme bekend is. Allinnich fan de man op de foargrûn, oanmerke mei no. 2, witte wy net wa ’t it is. Om syn namme noch te efterheljen sil ek wol in hiele toer wurde, want der binne fansels hast gjin minsken mear dy’t it witte kinne. Tiden hawwe tiden, sille wy mar sizze. Meikoarten is it wer doarpsfeest en dan hoopje ik in protte minsken op de dûnsflier te sjen. Wol of net dûnsje kinne, it is lokkich ek foar my net mear sa wichtich as doetiids. As jo mar wille hawwe! 29
30 Online Touch Home