41

We gean wer los! Troch Harmke Ha jimme it al heard? Rûzend, flústerjend, gonsend of miskien selfs sjongend? Neist de fûgeltsjes, lamkes en ky dy ’t we wer hieltyd mear hearre en sjogge, binne ek ús doarpsbewenners wer aardich warber. Rinnend of dravend foar dat iene spektakel yn de ouwer jier. De ien seit it fol entûsjasme, in oar mei noch wat twivels en betingsten. Wat sizze in soad minsken út de Fjouwer doarpen ‘Ja!’ op de fraach of sy ek oan it trainen binne foar De Slachte! Binne jo net oan it trainen foar De Slachte, dan binne je fêst fan doel om op 15 juny as supporter oan de dyk te stean. Mear as tweintich minsken út de Fjouwer doarpen sille meidwaan oan dizze (heale) maraton. Hjirûnder fertelt elk, hoefolste kear dit is en hoe’t sy harren tariede: De rinners: Reinder & Elisabeth Abels (Itens) Het wordt onze eerste Slachte als wandelaars. Als voorbereiding proberen we aan een aantal wandeltochten mee te doen, waaronder de Lytse Doarpen Rintocht. Verder lopen we zelf regelmatig wandelingen van 6 tot 12 kilometer. Anke Strikwerda (Itens): ‘Dit wurdt de 4e keer dat ik de Slachtemarathon wandelje sil. Op dit moment ha ik 3x 10km rûn, derneist sil ik de lytse doarpenrin tocht (25 km) dwaan en misschien nog een keer 25 km.’ Johan Postma (Rien): ‘Ik heb al eerder mee gedaan aan de Slachemarathon in 2008 en 2012. Van de organisatie heb ik een trainingsschema gekregen dat ik nu ook weer gebruik. Elke week bouw ik de duur van mijn wandelen uit. Ik ga met mijn jongste broer Tjeerd de tocht maken.’ Jannie en Anneke Jaarsma (Lytsewierrum) ‘It is de earste kear dat wy besykje sille om de Slachte te rinnen.’ Jannie seit bewust besykje, omdat se mei wat fysike problemen te kampen hat. ‘Mar wy binne fol goede moed om de einstreek te heljen.’ ‘Wy besykje om ien à twa kear yn de wike in oere en opbouwend ien kear in langere kuiertocht te rinnen.’ Mem en dochter traine sawol mei elkoar as ek wol mei oaren ut de Fjouwer doarpen. ‘Wy dogge ek oan organisearre tochten mei. . Op die momenten kinne je moai echt ris een grutter ein pakke. Hoe tichter bij de Slachte hoe grutter de oefen rûntsjes wurde.’ Anneke rint de Slachte ek mei Leandro Reitsma (Foarhinne út Rien). Leandro hat foarich jier slim siik west troch in spiersiikte (Guillian Barre syndroom). Leandro koe doe syn hannen en fuotten net bewege. Stapke foar stapke learde Leandro wer rinnen. Anneke hat doe in sponsortocht opsetten om jild yn te sameljen foar Leandro en oar gedupeerden. Dat Leandro en Anneke no tegearre meidwaan sille oan de Slachtemarathon is dan ek tige bysunder! 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication