17

Fan prinsessentaart tot teetún Troch Harmke van der Werff ´Mem, hoe lang moat it yn de ûne stean?’ Har te lange skelk rekket de flier krekt net, ûngeduldich sjocht se nei har mem op. ‘Ik tink dat it der sa wol út kin.’ tegearre mei har sus hellet se de taart derút, prikke der mei in satéprikker yn en sjogge dat it goed slagge is. ‘Meie der noch ekstra glimmerkes op?’ At har mem glimket witte se genôch. ‘Der kin ek noch wol in blomke by!’ Yn de keamer heard heit de klok slaan, mar hy seit mar neat. Mei de hannen noch ûnder de glimmers jouwe de suskes inoar in high five: ‘Oh wat is dizze moai wurden!’ ‘We hienen eartiids wol fiif taarten op ‘e jierdei!’ Fertelt Feare at we by de teetún yn Hinnaard binne. De leafde foar it bakken siet der betiid yn en soarget der no mede foar dat der in pop-up teetún yn Hinnaard is! Martzen en har mem Wietske tinke dat se destiids miskien wol wat minder taarten hienen. ‘We koenen der yn elk gefal de hiele wike noch wol fan ite,’ leit Feare har antwurd út. By de famylje Kooistra-Dijkstra fan Hinnaard wie it elke jierdei fêste prik om self taarten te meitsjen. ‘De earste taart wie cake mei spekjes,’ heuge de suskes noch. Mar elk jier waard it grutter en grutter. Wietske: ‘Der kaam doe elk jier ien spesjale taart. Foaral Feare gong der yn troch’ Hoe word ik een goddelijke huisvrouw? ‘Wist noch dy caravantaart, diest makke hiest foar pake en beppe?’ Herinnert Martzen sich de moaie kreasjes fan Feare: ‘En dy taart mei wc-rôlen yn de Koroanaperioade!’ De lêste taart, mei in knypeach nei de hamsterjende wc-rôle keapers, fûl helaas ek goed yn de smaak by de kat. 17

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication