19

Feare hellet de measte resepten út it boek ' Hoe word ik een goddelijke huisvrouw' fan Nigella Lawson. ‘Dat is in prachtich boek, allinne de ûne-tiden kloppe net hielendal. Der ha we noch hieltyd wolris twivels oer.’ Hoe lekker en moai de taarten ek binne, foar heit Harry hoeche de dames gjin jierdeitaart te meitsjen: ‘Heit wol altyd in apeltaart út de winkel,’ seit Martzen. De dames gean der fanút dat it net oan har taarten leit; ‘Nee, heit snobbet ek altyd fan ús taart.’ ‘It leit net oan de taart,’ seit Wietske, ‘mar oan de drokte, wy wienen jûns wol tot alve oere dwaande.’ Skoalle of net, op de jierdei self kaam in prinsessetaart en der waard alles foar út ‘e kast lutsen. Foar Feare en Martzen wienen dat hiele weardefolle mominten, it wie gesellich. Martzen fergeliket it self mei de krysttiid, allinne de spesjale krystmuzyk miste noch. Latte art, keunst yn de kofje Dat je de taarten ek foar ûnbekenden meitsje kinne, dat seagen Martzen en Feare by de teetún yn Gauw. Yn de âlde bakkerij hie in kollega fan Wietske in teetún. Ek al wienen se der mar ien kear west, der waard in siedsje plante. Dat siedsje groeide by Martzen, studint muzykterapie, yn de hoareka wurkjen gong. Se hat by ferskiedene koesaakjes wurke en learde sa in soad. By Douwe Egberts krige se mear kennis oer koe, de smaken en it proses. Der hat Martzen ek de oplieding tot barista folge en learde se latte art. Dit is de spesjale technyk om moaie foarmen te meitsjen yn de koe. 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication