22

Spyk (8844 KR Hinnaard) Strjitnammen yn ús ouwer doarpen Troch Esther We sille de nammen fan de strjien ris by del yn ús ouwer doarpen. Wêr komt de namme wei? Binne d’r moaie ferhalen oer bekind? We begjinne dizze rige mei Spyk op Hinnaard. Spyk hat 4 adressen en dy hawwe 8844 KR als postkoade. Dizze wei hat de hûsnûmerreeks 1 t/m 5. De dyk leit oan de foet fan ús ouwer doarpen en ferbynt Hinnaard mei it doarp Iens. De wenningen - twa wenten en twa pleatsen - komme út 1909, 1927 en 2024. Spyk set bekind as weerbuertsje en leit oan de Boalserter Feart. De trekfeart wie wichch yn it ferfier fan minsken en guod yn de 19e ieuw. Lâns de feart rint in jaagpaad op nei Easterliens, wêr’t hynders as minksen in skutsje wei lûke koene. Spyk is in earder buertskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De iennige dyk yn Spyk hjit Spyk 😊. In 1526 waard it buertskip al ferneamd as Spyck en fanôf 1700 ek as Spyklle. Dy lêste namme ferwyst ek nei de brêge. Mar wat betsjut Spyk eins? D’r binne rûchwei twa ferklearingen nk ik: de earste is dat Spyk ferwyst nei Spiek as it wurd foarried. Yn de midsieuwen wie in ‘spieker’ in heabarch as in skuorre mei foarried. ‘Bijspijkeren’ betsjut dan ek it bywurkjen fan de foarried. Mear foar de hân leit it dat Spyk ferwyst nei it wurd Spijk dat ek ‘landtong’ betsjut. En nei Spyk dat ek bekind set as brêge fan hout (Spyklle). Mei it lizzen fan Spyk oan de polder soest ferwachtsje dat it Spyk ûnder Hinnaard dernei ferwyst.

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication