30

De bertestuoltsjes fan de Fjouwer Doarpen Troch Elisabeth Septimber 2017; It wie noch in hiele toer om werom te sykjen nei it momint, dat it earste kreamkadootsje fuortjûn waard yn de Fjouwer doarpen. Mar wy tinke dat mei de berte fan dochter Symke fan Laura Margje en Sven it earste stuoltsje kado dien is. Sûnt 2015 is der in app-groep, welke ûntstien is út in groepke froulju út de Fjouwer doarpen, dy’t in kear nei in konsert west hawwe. Dizze app-groep is de lêste jierren útgroeid tot in wier platfoarm foar ‘lief en leed’ yn de Fjouwer doarpen. Fan guod om fuort te jaan, klean om te lienen, warskôgingen foar glêde diken, flitsers ensfh. En sa ek om de bertes yn de Fjouwer doarpen wrâldkundich te meitsjen. Doe ûntstie it idee om mei inoar in kreamkadootsje te jaan. Wa ’t wol, betellet in bydrage fia in ‘Tikkie’ en der wurdt in kadootsje besteld. Sa binne der de ôfrûne jierren al hiel wat kadootsjes útdield en dêrby is it stuoltsje wol de favoryt! En dêrom tochten wy, ‘fanút de redaksje fan Diggeloer, dat it miskien wol aardich wie om ris in foto te meitsjen fan al dizze stuoltsjes mei de eigeners derby. Want wat miskien liket as lyts inisjatyf yn ús doarpen, is neffens ús dochs fan betsjutting yn ús mienskip. En dêrneist, sjoch ris hoefolle berntsjes der binne ús Fjouwer doarpen! Anke Strikwerda, ien fan de ynisjatiyfnimmers fan it kreamkadootsje en makker fan de foto’s op sneon 29 juny: “Prachtich om alle bern en de stuoltsjes/ kadootsjes, dy ‘t de ôfrûne jierren makke en fuort jûn binne, in kear by in oar te sjen! It is moai dat it jaan fan in berte kadootsje ferbynt en ik hoopje dat dit treffen op it skoalplein ek wer in bytsje stipe jaan sil oan de ferbining yn ús Fjouwer doarpen; dat de bern mei âlders it deistige loopke/ritsje nei it skoalplein en ús moaie skoalle yn Itens meitsje sille, no en yn de takomst!” 30

31 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication