It wiene drokke wieken, want op 9 augustus stie it ild yn Itens alwer bomvol mei mear as 60 welpen en pupillen mei de Knakworstenpartij. Net allinne oerdei, mar ek yn de nacht wurdt der keatst. Op 16 augustus wie it nachtkeatsen, wêrby elkenien 3e kear keatste mei ferskillende minsken. De krâns is wûn troch Meint en Marijke. By de KNKB pupillen jonges wedstriid wiene leafst 44 bern. In lange, mar moaie keatsdei. Ôfrûne wykein stiene de jeugd-alder partij en de tradisjonele Fopma partij noch op de planning. Wy hoopje dat jimme allegear genoaten hawwe fan dit seizoen, hoewol it foar ús as (foar it grutste part) nij bestjoer allegear nij wie. It bestjoer sil takom jier bestean út Thijs en Meint, wat spitichgenôch net genôch is om in goed bestjoer te foarmjen. Mochtest do dit no lêze en tinke fan ik wol ek wol wat foar it keatsbestjoer dwaan, twivelje net en belje efkes wat de mooglikheden binne! 23 juny: Pearkekeatsen Winnaars Feestkeatsen 36
37 Online Touch Home