40

Mar dat der wis en seker al wat bard is yn dy bewuste nacht krige ik in pear wike lyn samar út de earste hân te hearren… Tante Jet út Amsterdam Yn it Diggelfjoer fan ôfrûne juny fertelde ik jimme oer Gré Smeding en har neiteam, mei wa’t ik it eardere kafee yn Rien besocht ha. Yn de hongerwinter fan 1944 wurde der in protte evakuees út Amsterdam yn Rien en omkriten opfongen. Ien dêrfan, de dan 13 jierrige Jet, bedarret by de âlders fan Gré yn it kafee. Sy wurdt tige leafdefol opfongen troch Dooitzen en Trijntje Smeding en hâldt oan harren dochter in freondinne foar it libben oer. De beide fammen en harren famyljes bliuwe nei de oarloch altyd kontakt mei-inoar ûnderhâlden. By de rûnlieding fan Gré har bern troch Rien en it aadlik hûs fan harren mem, hear ik ek foar it earst oer it bestean fan harren 'tante Jet'. En wat it aldermoaiste is, is dat dizze frou noch altyd libbet en segene is mei in skerp ûnthâld. Sa komt it dat ik har opsykje kin om mear te witten te kommen oer de tiid dy’t sy troch brocht yn Rien. Sy fertelt, mei grut respekt, oer de famylje Smeding dy’t har sa leafdefol opfongen hat yn de dreechste tiid fan har libben. It hat in djippe, ûnferjitlike yndruk op har efterlitten. Nimmen út har stedske omjouwing hat benul fan it bestean fan Rien en fan wat sy dêr meimakke hat. Mar sels is sy foar altyd ferbûn rekke oan dat lytse stipke op de lânkaart. Wy hawwe it oer fan alles en noch wat, mar sa as jimme begripe sille komme de oarlochsjierren it meast op it aljemint. Want dat wie ommers ek de tiid dy’t sy yn Rien trochbrocht hat. Sy lit âlde foto’s oan my sjen en oarsom lit ik oan har ek foto’s sjen dy’t iksels yn de tuskentiid sammele ha. En dan, sûnder dat ik dêr sels wat oer sein ha, begjint sy te fertellen oer de dagen dat Rien befrijd waard. “Gré en ik mochten van heit en mem niet meer thuis slapen, want dat was te gevaarlijk. We werden ergens anders ondergebracht. We sliepen die laatste nacht of misschien wel nachten in een boerderij tussen Rien en Lutkewierum. Ik weet nog dat het een grote boerderij was met zo’n huis wat min of meer voor de schuur stond. Wat er die avond en nacht precies bij het café allemaal gebeurd is weet ik niet, want daar vertelden ze niet over. 40

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication