Itens-west wie de folgjende dy foarby kaam. In bûnt selskip jong en âld mei in eigen makke flagge in flam en in eigen ‘yell’. Der rûn wat sporters mei mar it gehiel joech wat in rommelige yndruk. In ferreinde Wuppie wie de maskotte, moai neimakke fan it orizjineel. In seisde plak mei 5 punten foar de yntocht en in dielde irde plak mei 6 punten foar de maskotte. As lêste kaam Lytsewierrum oer de dyk. Wat in prachtige yntocht wie dat. In totaal yn detail útwurke gehiel oer it gearwurkjen tusken de Germanen en de Romeinen. Mei Asterix en Obelix, Cleopatra en Ceasar en alle rinners yn it tema moai ferklaait. Ek it iene bern wat Lytsewierrum ryk is run mei. Der wie muzyk en in toanielstikje op in kar en mei in knal en flammen kamen se it ild op. De Menhier wie de maskotte, moai betocht en útfiert. In earste plak mei 12 punten foar de yntocht en in tredde plak mei 8 punten foar de maskotte. Presintaasjes Efkes letter kamen de presintaasjes yn de tinte. Ek no begong Rien. En hoe!!! Wat in fantastyske presintaasje wie dat. Wer in lyts doarp grut wêze kin!! Echt geweldich. Yn in tot yn detail perfekt útwurke dekôr fan de brêge fan Rien mei de brêgewipper, haak en in klompke oer de Frjentsjerter Feart war in hilaryske perfekt útfierde act fan syngroanswimme utfiert. De opkomst allinne al wie geweldich, alle mannen fan alle leeftiden stoer en folslein yn hun rol yn bleate boarst en om de heupen de Riensterflagge die fol oertsjûging of dien war wêrnei de prachtige swimbroekjes yn de Rienster kleuren foar it ljocht kamen. 8
9 Online Touch Home