11

Foar it earst sichtber bewiis Fansels doch ik opnij in poging om in Alvestêdekrúske te sjen te krijen. Siepie en Jan Boonstra snr wienen harren krúske spitich genôch kwytrekke, mar by Douwe krij ik foar it earst taastber bewiis te sjen. “Kom mar efkes mei”; seit Douwe tsjin my en ik folgje him nei de bykeuken. In grutte nis yn de muorre makket dúdlik dat hjirre in echte sportman wennet. Fan ûnder oant boppe ta stiet dizze ynbou-kast fol mei prizen. It binne hast allegearre prizen dy’t Douwe wûn hat mei it draven fan wedstriden troch hiel Nederlân hinne en ek wol dêr bûten. Douwe: “Ja, der stiet noch alris ien. Mar eins moast der by betinke da’k noch wol in kear safolle prizen der by wûn ha yn de foarm fan gebrûksfoarwerpen en weardebonnen. Ik wie benammen goed yn wedstriden tusken de 10 en 21 kilometer. As ik der yn de finale noch by siet, dan koe ik ek faak winne omdat ik in hiele goede einsprint hie. Mar Douwe is resolút, as ik him freegje wat syn moaiste priis is: “Dat binne dochs wol myn Alvestêdekrúskes. Dat is echt wat bysûnders. Ik bin no 71 jier en troch sûnens perikels ha ’k sûnt in pear jier gjin goede kontrôle mear oer myn linkerfoet. Ik ha murken dat it sûnder dy kontrôle al gau gefaarlik wurdt om op redens te stean. Mar lang om let ha ‘k pas begjin 2024 myn lidmaatskip fan de Alvestêdeferiening opsein. Myn holle wol noch o sa graach, mar myn liif kin soks net mear oan. Dus ik hoopje eins mar ien ding en dat is dat der de kommende jierren gjin nije tocht komt. Want do meist wol earlik fan my witte dan krij ik it dreech en barre der rare dingen yn myn liif. Miskien kin ik dan mar better efkes nei Texas ta gean.” 11

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication