‘Nim it sa it is’ spilet ‘Set mar op ‘e rekken’ op 28 en 29 maart 2025 "Saken binne saken. Fan lienen is noch noạit ien ryk wurden." Dat seit Benny, eigener fan in doch-it-sels-saak. Hy hat fakânsje, sit mei syn frou Anny op ‘e camping, mar de hannel giet gewoan troch. Wat net daliks ôfrekkene wurde kin, set er wol op ‘e rekken. Allegearre sûnder BTW, swart dus. Mar de fijân sliept net en al gau komt de belestingynspeksje nei de camping. De jonge belestingynspekteur Jean Paul sil it wol even útsykje en ôfhannelje. Hy nimt syn freondinne Germaine mei en siket in plakje út op de camping, krekt neist Benny en Anny. Hy krijt hiel wat te stellen mei syn direkte sjef, Hilde de Rooi, dy't ek opdraven komt en mei syn Germaine, dêr't Karel in eachịe op hat. Oan 'e ein fan it stik wurdt der ôfrekkene… Set mar op ‘e rekken is in blijspul yn trije bedriuwen fan Jan van Blokland. De Fryske oersetting is fan Siep Jorna. Fragen oer de kaartsjes? Meikoarten sil der ien fan de toanielferiening lâns de doar komme mei de fraach of jimme ek kaartsjes keapje wolle. Donateur wurde? Dêr binne wy wiis mei. Jo krije dan 2 tagongskaarten mei in moaie koarting. It kostet € 15 euro yn ’t jier! Losse kaarten (€ 10,- it stik) binne beheind te keap oan de kassa op de jûnen fan de útfiering. Tongersdei 27 maart hawwe wy de generale foar de skoalbern (groep 4/5 o/m 8) en sille wy om 19.00 oere begjinne. De entree is dan € 1,- foar de bern. As der minsken binne, dy ’t freed of sneon net by de útfiering wêze kinne en it stik wol sjen wolle, dan binne dizze ek wolkom by de generale. Tagong is dan €10,-. Fragen oer kaarten? nimitsaitis@hotmail.com Oant sjen op 28 of 29 maart yn it doarpshûs de ‘De Lytse Fjouwere’ te Itens! Spilers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is FDD 50+ BINGO De 55+ bingo op 19 januari ging niet door, deze is verschoven naar zondag 16 maart 2025 en wordt een 50+ bingo! We beginnen om 14.00 uur, spelen 5 rondes en de kosten zijn € 2,- per ronde. Graag tot ziens op 16 maart! 15
16 Online Touch Home