2

Leave doarpsgenoaten, “Sa fleane we mei-elkoar, fol goede hoop en moed, 2025 temjitte!” Dat stie yn de foarige doarpskrante… Jan is o/m 6 jannewaris mei my/ús meiflein. Mar dat “mei-elkoar”, wat ha we dat field nei it sa ûnferwachte ferstjerren fan Jan, myn leave man, ús leafste heit en pake. Sa folle waarmte, leafde en belutsenheid is op ús ta kommen.. Sa folle minsken opÕe kondolaasje en by it ôfskie… Sa folle minsken dyÕt lâns de dyk stienen om Jan út te swaaien… Sa folle kaarten, brieven mei moaie en dierbere oantinkens oan Jan… Sokke moaie en kleurrike blomstikken fan ús freonen en de biljertklup… Sokke fijne petearen op myn kuierkes mei Lindy… It fielde en fielt as in waarme tekken om my/ús hinne. Tige, tige tank dêrfoar, mar boppe-al tank oan Tim, dyÕt by my wie doeÕt we tegearre Jan fûn ha… Us freonen, dyÕt der foar soarge ha, dat de kondolaasje sa waarm ferrûn is en der ek no altyd foar my binne. Doarpsgenoaten dyÕt soargen foar parkearromte en holpen ha by it parkearen. It bestjoer fan “de Lytse Fjouwere”, wat hienen jim it goed foarelkoar! Jan op it biljert, mei elk dyÕt him nei wie om ús hinne, al mei al in waarm ôfskie. “Yn it hert fan ús gefoel sil Jan altyd by ús bliuwe”. Sa kin ik, fol goede hoop en moed, fierder op myn paad yn ús waarme mienskip. Mei út namme fan ús bern en pake-en beppezizzers, Agatha, mei Jan yn myn hert 2

3 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication