It wenjen ûnderfine sy wol oars as yn Snits. Fan it begjin ôf is der regelmjittich kontakt mei doarpsgenoaten en dat wie wol oars yn Snits. Foar Snits wennen Rein en Jolanda yn Drylts, wêr ‘t ek harren bern Femke en Jan opgroeit binne. Sy hawwe 21 jier yn Drylts wenne en dêr ek folop yn it ferieningslibben aktyf west. Rein Rein komt fan Nijlân, mar hat ek yn Ljouwert, It Hearrenfean en Stiens wenne. Nei de MAVO op It Hearrenfean helle Rein yn Ljouwert syn havo-diploma. Jolanda komt út Amsterdam (Noord), makke de MAVO yn Amsterdam ôf en wurke op 16-jierrige leeftiid al by de pleatslike krante yn Zaandam. Yn 1979 binne Jolanda en Rein beide by de dûane oan it wurk kaam. Sy troffen inoar op de dûaneskoalle yn Elspeet. Nei de oplieding gie Jolanda oan it wurk yn Amsterdam en Rein yn Rotterdam. Nei't se yn 1983 trouden, waard Zaandam harren wenplak. Rein hie mear útdaging nedich en fûn in baan yn de eksportôfdieling fan in hannelsbedriuw. Letter binne sy ferhúze nei Purmerend, wêr't dochter Femke berne is. Jolanda fûn it wichtich om thús te wêzen by de bern en naam ôfskied fan de duane. Fryslân lonkte, Drylts waard hun wenplak en Rein fûn wurk yn Snits. Soan Jan is in 1997 berne yn Drylts. Soms komme de ferwachtings op it mêd fan wurk net folslein út en nei 9 jier wurk by ûnder oare in wenningbouwer hat Rein sûnt 2007 syn plak fûn by Poiesz Supermerken as haad technyske tsjinst. Jolanda Wêr ’t Jolanda earder thús wie, doe ’t de bern noch lytser wiene, hat sy letter noch in oplieding folge tot doktersassistinte. Jolanda wurket sûnt 2006 part time as doktersassistinte op de ‘pijn-poli’ yn it sikehûs fan Snits. Jolanda hat altyd wol ynteresse hân yn de medyske sektor. Earne yn de kommende jierren sille beide as it allegear goed slagget, mei pensjoen gean en dan kin it ‘grutte genietsjen’ mar begjinne, al dogge sy dat no ek. Mar it idee dat je dan net mear hoege en in frij foarútsjoch hawwe, dat lokket beide wol oan. Jolanda mei graach sjonge en soe miskien noch wolris har kreative takke útprebearje wolle. Of dat no skilderje is, of wat oars, it kin fan alles wêze. Sportyf binne se beide ek; se hawwe earder jierren folleybal dien en geane no alle wiken te badmintonnen yn Oppenhúzen. Pensjoen As sy mei pensjoen binne is der mear tiid om op de 3 pake- en beppesizzers te passen, want dêr binne se hiel wiis mei. En miskien is der dan ek wol romte foar in aardige frijwilligersfunksje. Al hat Rein de wei nei de ferienings yn de ouwer doarpen al fûn. Dit jier sil hy foar it earst op de planken stean by de útfiering fan toanielferiening Nim it sa it is (28 & 29 maart) en ek hat Rein in funksje by de doarpsfeestkommisje. 42
43 Online Touch Home