50

Maandag 7 april organiseren wij onze jaarlijkse ledenavond. We starten om 20.00 uur in De Fermanje te Itens. Iedereen is van harte welkom, noteer de datum vast in uw agenda. Zondagavond 2 februari heeft de kerkklok van de Martini kerk in Itens geluid ter nagedachtenis aan de vergeten watersnoodramp van 1825. De flyer voor de vrijwillige bijdrage voor kerk van Itens-Hennaard is inmiddels weer huis aan huis verspreid in Itens en Hennaard en onder onze leden. Wij willen u hartelijke bedanken voor uw bijdrage! Mocht u nog iets over willen maken dan kan dit op NL79 RABO 0373 7492 36 t.n.v. Cvk Hervormde Gemeente Itens-Hennaard (o.v.v. vrijwillige bijdrage 2025) Berne Iepenloftspul spilet yn 2025 Aladdine en de Wûnderlamp(ewinkel) Mar leafst 65 bêrn weagen de stap om harren op te jaan foar de audysjes fan BIS. Yn 2 rondes bleauwen d’r 29 oer dy’t yn juny op ‘e planken stean yn Easterwierrum. Mei de kickoff ein jannewaris moeten de bern, âlders, artistiek tiim en it bestjoer elkoar en waard it stik fan 2025 bekend makke. De titel fan it stik soarge fuortendaliks foar ferwarring. Hin, Aladdin is dochs in jonkje? Mei it ‘BIS sausje’, dêr’t Peter Sijbenga hannen en fuotten oan jûn hat, kin alles. Sa docht bliken dat wy Aladdine moetsje, it earme famke dat yn in oar lân op strjitte libbet. Yn dizze nije bewurking fan it âlde Arabyske mearke út Tûzen en Ien Nacht nimt it famke ús mei op reis mei winsken, op syk nei de Wûnderlamp yn de Wûndergrot en sjogge wy hoe’t dynamieken tusken minsken soargje foar rare bokkesprongen. De sketsen foar it dekôr en de klean binne klear, de kommisjes mei fêste minsken en âlders stean yn ‘e startblokken en wy hawwe d’r sin oan om de kommende moannen ús nekke út te stekken. Fan 19-28 juny binne de foarstellingen. De kaartferkeap giet los op 1 april fia de website www.berneiepenloftspul.nl. Kinst ús ek folgje op Instagram en Facebook (BIS Berneiepenloftspul). 50

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication