Kroechferhalen Troch watse Omdat it krekt Valentijnsdei west hat, dizze kear in kroechferhaaltsje oer wiere leafde! Wy skriuwe it jier 1951 De Wetterherberch yn Rien is it deistich domein fan Dooitze Smeding en syn frou Trijntje Smeding – Nauta. Trijntje is eins de kastlein fan harren beide. Sy betsjinnet de minsken yn it kafee en soarget ek foar de gasten dy’t oernachtsjen bliuwe. Dooitze is njonken kafee-útbater ek noch brêgewipper, meunsternimmer, feekeapman, en hannelsman. Tegearre hawwe sy ien dochter. Gré. Gré is in bysûnder kreas fanke! Mannich jongfeint is dan ek bot ûnder de yndruk fan Gré en hat muoite om de eagen fan har ôf te hâlden. Besjoch de foto’s fan Gré hjirnjonken mar en oardiel sels. In fiere foarrinner fan it hjoeddeistige Liander, it Provinsiaal Elektrysk Bedriuw of koartsein PEB Fryslân, hat ek yn dy tiid al muoite om genôch goede technyske minsken te finen. Sy siket dan ek net allinnich yn de eigen provinsje nei geskikte minsken. In kollega elektrisiteitsbedriuw is úteinlik ree om ien fan harren meiwurkers út te lienen oan it PEB. Syn namme is Guus Jansen. Der is dan noch mar ien lyts probleemke foar it PEB, want dizze Guus wennet hielendal yn it fiere Brabân. Dat is fansels te fier om eltse dei te bereizgjen en dus wurdt der in geskikt kostadres foar him yn Fryslân socht. En dat wurdt De Wetterherberch! 52
53 Online Touch Home