Schilderwerken Knevelman in Itens - 06-43231940 - Info@schilderwerkenknevelman.nl Wat fan fier komt is somtiden ynteressanter dan it bekende fan tichtby. Wa sil it sizze, mar miskien jilde dat ek wol foar Guus en Gré. Want de dochter en de fêste gast fan de herbergier, krije al gau in eachje op inoar… Mar wêr fynt in pril steltsje yn in gat as Rien de privacy om inoar ris djip yn de eagen te sjen en elkoar better kennen te learen? Dy rol is weilein foar ien fan de meast ûnsjogge geboutsjes fan it fierder sa skildereftige Rien. In rotte kies dêr’t hast elkenien sûnder op of om te sjen sa oan foarby rint. Mar Guus en Gré net, want Guus hat as iennichste yn hiel Rien de kaai fan dit snústerich hokje. Oan de efterkant fan it kafee stiet nammentlik in elektrisiteitshokje fan de PEB en dêr slacht de fonk tusken Gré en Guus definityf oer. Hoe wichtich it PEB-hokje foar harren wie, ha dizze ‘Romeo en Julia fan Rien’ letter nea ûnder stuollen of banken stutsen. As sy bygelyks gasten útnûgje foar in jubileum houlik, kriget elkenien dy’t útnûge is in kaart mei op de foarkant in tekening fan in PEB hokje. 54
55 Online Touch Home