14

Yn har jierren as ûnderwizeres hat juf Anneke in protte feroarings meimakke. Fan tradisjonele lesmethoden nei de ynfiering fan digitale technology yn de klasse. Sy hat har altyd oanpast mei in iepen geast en in konstante winsk om it bêste foar har learlingen te dwaan. Alles is in útdaging foar Anneke en se sjocht net in protte apen en bearen op de dyk. “We besykje it gewoan!”, seit Anneke, “krekt as Pippi Langkous”. Se hat noch hieltyd in protte enerzjy. Yn dit lêste jier op De Romte pakt juf Anneke groep 4 -5 op, dat binne de 7-9 jierrigen. Anneke: “Dat kaam better út foar de bern en it tiim en ik tocht: “Gean we dwaan! En yndied, it is hartstikke leuk mei dizze bern! Ek yn groep 4-5 kinst de lesstof ynsichtlik meitsje: bygelyks giet it oer ynhâld en liters, dan pakke wy de maatbekers en wetter derby. Ek de trijetaligens is in oanwinst op ús skoalle”. Fierder hat it fernijde plein, foar de bern en doarpsgenoaten in lear- en moetingsplak, har dwaande holden. Se hat in ûntelber protte moaie mominten belibbe foar de klasse. It ferstjêren fan de heiten fan twa fan har learlingen, jierren lyn, hat in protte yndruk makke op har. Anneke: “It is moai om te sjen dat bern ek krêftich binne yn it hanneljen mei soks. En ik die wat ik koe fanôf de sydline”. Juf Anneke fielt harren noch lang net âld en is neist it wurk foar de klasse noch in hiel drok baaske. Se is bestjoerlik altyd aktyf west by bygelyks yn de AC fan it swimbad fan Wommels, yn it bestjoer fan follybalferiening Covos en de buertferiening Wetterwyk, mar hat ek ûntelber folle saken wêr’t se mei dwaande is. Se is in dei yn de wike dwaande foar har heit (90) en mem (88) dy’t noch selsstannich wenje. Se past om de wike op de fiif lytsbern (fan 0 o/m 7 jier), se nivelt graach (sa as berneklean meitsje, kaarten stimpelje mei in druktechnyk), jouwt kreatyve workshops oan hûs, ûnderhâldt in protte freonskippen en gean sa mar troch. It is net leauen. Wat in drok baaske. Juf Anneke moat wol mei pensjoen, want se hat it fierstenste drok om te wurkjen 😉. Utsein dat juf Anneke graach wat mear tiid hat om al dizze moaie saken fan it libben op te pakken, spilet ek it bewust genytsje fan it libben in rol. Anneke: “Ik ha de lêtste jierren bêst wol wat problemen hân mei myn sûnens en myn man is no krekt mei pensjoen. Dat makket dat wy noch mear genytsje wolle fan it libben tegearre, mei alle minsken om ús hinne, ús hûs en de tún”. Op 10 july is it feest op skoalle. Dan nimt juf Anneke fan de bern, âlders en de kollega’s ôfskied yn Itens. En hielendal sa as Anneke dat betocht hat: de bern folgje de hiele dei kreatyve work-shops en dernei ite mei elkoar. Ien fan de workshops wurdt jûn troch Babs Wijnstra. “Sy is de dochter fan myn earste direkteur yn Warns, Mindert Wijnstra. Dermei is de sirkel foar my rûn”, glimket Anneke. Juf Anneke, wy wolle jo tank sizze. Jo hawwe mear dien as allinnich lesjaan; jo hawwe wat tafoegt oan in protte libbens. Mei leafde, tawijing en kundichhyd hawwe jo in plak yn ús herten fertsjinne. Wy winskje Anneke en Sytze alle lok en leafde yn dit folgjende haadstik. Jo sille altyd ûnderdiel wêze fan ús mienskip en ús ferhaal.

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication